Betinking Schurer: "Fedde is net allinne yn brûns, mar ek yn wurden delset"

15 aug 2020 - 12:59

Op It Hearrenfean wie in betinking foar dichter en strider Fedde Schurer, organisearre troch de Jongfryske Mienskip ûnder de namme 'Rûnom Fedde.' It wie in twadde kâns, want oer de ûntbleating op 25 july fan it stânbyld op it nije plak wiene in soad minsken net te sprekken.

Betinking Fedde Schurer

Yn de útnûging stiene flaters en by de ûntbleating waard der eins nea sein oer it wurk fan Schurer foar de emansipaasje fan it Frysk. Ek waard der suver gjin wurd Frysk sprutsen. Foar de Jongfryske Mienskip wie it reden genôch om in nije betinking te organisearjen. Inisjatyfnimmer Sijbe Knol seit rjocht dwaan te wollen oan de taalstriid fan Schurer. Mei tank oan him kin it Frysk brûkt wurde yn de rjochtseal, jout hy oan.

Moai momint

Knol: "De lêste twa wiken is der in soad skreaun oer de ûntbleating en ferpleatsing fan it stânbyld. Dy negative publisiteit woene wy ombouwe ta in moai momint. Wy woene der wat moais fan meitsje en de persoan Fedde Schurer nei foaren helje. It wie in mearsidich man."

De betinking fan Fedde Schurer - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

By de nije betinking wiene ferskate sprekkers. Skriuwers Willem Schoorstra en Peter Boomsma hawwe it ien en oar ferteld oer it wurk fan Schurer en syn betsjutting yn de tiid. PvdA-riedslid Betty van der Ven en Sander Hoekstra hawwe gedichten en ferhalen foardroegen. As ôfsluting wie it Frysk folksliet en waard der in blomke by it stânbyld dellein.

Hylke Speerstra: in tefreden man

Hylke Speerstra wie no wol bywêzich. En hy wie mear te sprekken oer dizze gearkomste as oer de 'Knoffelsneon' fan lêst, sa seit er. "It wie allegearre heal regelje en wat fuortdrukt. It wie ûnweardich. It hat in grut fersin west. Dêr kinne je fan alles fan sizze. Mar de Súdwesthoeker sa't ik fan oarsprong bin seit: it hat west. Wat west hat, hat west. No is de jongerein der en it is fantastysk gien."

Speerstra is der bliid mei. "Hjir stiet in tefreden man, in bytsje gelokkich. De betinking wie weardich. Mei in stik skiednis, der siet fjoer yn. Fedde is net allinne yn brûns, mar ek yn wurden delset. Dat fyn ik prachtich."

Sijbe Knol en Hylke Speerstra

(Advertinsje)
(Advertinsje)