Kramer: "In kategory minsken tusken 20-45 jier nimt it net serieus"

Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân makket him bot soargen oer it tal coronabesmettingen dat om Dokkum hinne flink tanommen is. "Wy dogge mei klam in berop op eltsenien: hâld dy oan de 1,5 meter-ôfspraken. Wy sjogge dat der in kategory minsken is tusken de 20 en de 45 jier âld dy't it net serieus nimt. Dy kategory berikke, dat is tige dreech." As it tal besmettingen sa omheech gean bliuwt, moatte GGD, Veiligheidsregio Fryslân en gemeente oare maatregels treffe.
© Gemeente Noardeast-Fryslân
"Wy sjogge dat der eltse dei wol 2 oant 6 besmettingen by komme. Dat it net tebekrint, mar dat der just mear by komme. Dat is wol nuodlik," seit Kramer. Mar it hâldt wol yn dat der maatregels nommen wurde moatte, as dit sa trochgiet. "Yndie, mar dat is in oerlis tusken de GGD, ús gemeente en de Veiligheidsregio mei foarsitter Sybrand Buma. Dy moat dêr in beslissing oer nimme yn it ramt fan corona en de needferoardening."

'Kategory minsken tusken 20-45 nimt it net serieus'

Dêrom is it tige wichtich wat der de kommende dagen barre sil, jout Kramer oan. "No is it benammen: sprek inoar oan. Wy kinne net efter eltse beam in plysjeman hawwe. Dat wolle wy ek net. Wy rekkenje op de minsken, mar dan moatte dy coronabesmettingen wol nei ûnderen. Wy roppe de minsken ek op: lit jimme teste. Wy merke ek al dat minsken dat dogge. Mar der is in kategory minsken dy't it net serieus nimt."
Gemeente Noardeast-Fryslân hat regulier oerlis mei GGD Fryslân en Veiligheidsregio Fryslân. "De GGD seit ek: op dit momint kin dit noch, mar as it slimmer wurdt dan sille wy maatregels nimme moatte."
Boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân

Alarmearjend

Everhard Hofstra, dokter ynfeksjesyktebestriding by de GGD, seit ek dat it net de goeie kant op giet. "Het is voor ons alarmerend, daarom geven we er nu ruchtbaarheid aan. Wat vooral zorgen baart, is dat het nog steeds doorgaat. Iedere dag komen er nieuwe mensen in beeld, die positief blijken te zijn. Er is dus echt wat aan de hand in Noordoost-Fryslân."
Hy warskôget ek foar slimmere maatregels: "De burgemeesters hebben de mogelijkheden om regionale maatregelen te nemen. Ik denk dat we nu nog op het punt zitten dat we ons best moeten doen, maar het kan best zijn dat we op dat punt komen."
Hofstra sjocht ek dat minsken laks wurde. "Het lijkt er op dat mensen zich niet aan de maatregelen houden. Mensen blijken een barbecue te hebben gehad, of een game-avond. Mensen kennen elkaar, komen dicht bij elkaar. Ze denken dat het veilig is, maar dat is het toch niet.

Doch mei oan ûndersyk

It is hieltyd dreger om de útbraak goed yn byld te krijen. "We proberen het bronnen- en contactonderzoek zo goed mogelijk te doen, maar soms is het wel lastig. Mensen aarzelen soms. Maar het niet opgeven van contacten kan echt leiden tot meer besmettingen."
Everhard Hofstra