Oantal coronabesmettingen yn Dokkum flink tanommen fan 18 nei 45

15 aug 2020 - 13:02

It tal coronabesmettingen yn Dokkum is flink tanommen: fan 18 ferline wike, nei leafst 45 op dit stuit. Dat hat Veiligheidsregio Fryslân bekendmakke. It tanimmen stiet yn ferbân mei de corona-'kluster' yn de omkriten fan Dokkum. Eltse dei komme der twa oant seis besmettingen by, jout de Veiligheidsregio oan.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Neffens Veiligheidsregio Fryslân hat it firus him benammen ûnder bekenden fan inoar ferspraat. It giet om 1-op-1 situaasjes, by gearkomsten lykas in barbecue, famyljebesite, iten op it wurk, mei inoar reizgje yn in auto of in gamejûn. Just omdat it om bekenden giet, tinke minsken dat it wol feilich is en hâlde se net genôch ôfstân.

Ut it boarne- en kontaktûndersyk docht bliken dat de measte minsken mylde klachten hawwe, lykas pine yn 'e kiel of snotterje. Neffens boargemaster Johannes Kramer is Dokkum noch net fan it firus ôf. "Wy moatte echt mear wach wêze en mear ôfstân hâlde. Je wolle sa'n brânkearn sa gau as mooglik útdôvje, mar dat is noch net slagge."

GGD Fryslân freget minsken mei klachten mei klam om harren teste te litten, ek al binne it mylde klachten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)