Omrop TIP: Fierljeppen Gryptsjerk LIVE

15 aug 2020 - 10:56

Yn Gryptsjerk stiet de njoggende fierljepwedstriid op it skema. Nei 11 wedstriden wurdt it einklassemint opmakke. De sterkste ljeppers pleatse harren foar it FK yn Winsum. Omrop Fryslân folget de sporters yn de earste klasse mei in livestream, te sjen fia de webside en de app. De live-útstjoering set útein om 18.30 oere, mei kommentaar fan sportferslachjouwer Freark Wijma en analist Hendrik Murk Haanstra.

Nard Brandsma - Foto: Martin de Jong Fotografie

Livestreams Fierljeppen

Omrop Fryslân fersoarget dizze simmer alle wykeinen in livestream fan it ljeppen yn de 1e klasse.

  • Sneon 15 augustus Grypstsjerk
  • Sneon 22 augustus Drylts

Alle wedstriden begjinne om 18.30 oere en binne werom te sjen fia Omrop Fryslân YouTube op ús webside en de Omrop-app.

It FK fierljeppen is op 5 septimber yn Winsum en it NK is op 19 septimber yn Burgum. Beide kampioenskippen wurde live útstjoerd troch Omrop Fryslân op telefyzje.

Trefwurden: 
fierljeppen Gryptsjerk
(advertinsje)
(advertinsje)