Fryske Akademy wrakselet mei syktocht nei nije direkteur

15 aug 2020 - 10:57

De Fryske Akademy yn Ljouwert siket al in skoft nei in nije direkteur-bestjoerder. De fakatuere dy't foar dizze funksje iepen stiet, is no foar de twadde kear pleatst. Oant no ta is der noch net in geskikte kandidaat fûn: it ynstitút is der mei oan. Dêrom siket de Fryske Akademy no ek bûten de lânsgrinzen.

It gebou fan de Fryske Akademy yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Neffens Thony Visser, lid fan de rie fan tafersjoch, is it net allinne foar de Fryske Akademy dreech om in direkteur-bestjoerder te finen. "Universiteiten hawwe der ek faak ek muoite mei om yn ien kear in geskikte kandidaat te finen. Want it giet om flink útinoar rinnende taken. Je moatte in goeie wittenskipper wêze, mar ek in goeie bestjoerder."

Kwestjes binnen de Fryske Akademy

Dat lêste is foar de Fryske Akademy wol fan it grutste belang op dit stuit, jout Visser oan. "Der hawwe flinke ûntwikkelingen west mei de Akademy. Op it mêd fan de gearwurking mei oare organisaasjes. Der moat wat ferjonging komme. Der moat mear ynternasjonalisearre wurde. Dat binne ûntwikkelingen dy't echt wol dreech wêze kinne foar in direkteur-bestjoerder. Faak hawwe je minsken dy't óf hiele goeie wittenskippers binne, óf hiele goeie bestjoerders. Mar dy kombinaasje is in lestige kwestje."

Bûten de lânsgrinzen

Fansels is der earst besocht in Fries te finen foar de funksje. "Alle Friezen dy't tinke dat sy geskikt binne krije no nochris de kâns om in sollisitaasje te skriuwen, mar yn ús earste besykjen hawwe wy sa'n persoan net fûn. Wy tinke dat it it bêst is om earst ticht yn de omjouwing te sykjen. Mar ynternasjonalisearring is op dit stuit tige wichtich foar soksoarte ynstituten, dus it is ek net frjemd om wat fierder fuort te sjen."

De wapens fan de Fryske gritenijen op it gebou fan de Fryske Akademy - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Visser: "It moat ien wêze dy't goed bestjoere kin en in fyzje foar it ynstitút ûntwikkelje kin. It moat ien wêze dy't ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, skiednis, kultuer, minderheidsstúdzjes of meartaligens." Dy taal is wol wichtich foar de Akademy.

In nije direkteur-bestjoerder moat dan ek it Frysk leare. "Dêr makkest ôfspraken oer, dat soks binnen in bepaalde termyn moat. In probleem is dat net. Ik bin ek dekaan fan de fakulteit Letteren yn Grins. Wy nimme faak bûtenlanners oan dy't dan de ferplichting hawwe om binnen twa jier de taal te learen fan de ynstelling dêr't sy wurkje. Dat bart dan ek."

Minderheidstalen

Sels hat Visser wol in dúdlike foarkar foar in persoan út in lân mei minderheidstalen. "Ik soe it wol moai fine as it ien is út in omjouwing mei minderheidstalen. Dat kin Spanje wêze, mar ek sels Dútslân mei bygelyks it Sorbysk. Dêr wurdt ek al gearwurke mei de Fryske Akademy. It lân makket net in soad út, it moat in persoan wêze dy't je it betrouwen jaan kinne. En der moatte ek wittenskiplike projekten binnenhelle wurde om ek yn de takomst te groeien."

Thony Visser, lid fan de rie fan tafersjoch fan de Fryske Akademy

(Advertinsje)
(Advertinsje)