Weromrop: Simmer 2000 op lokaasje yn Ljussens

15 aug 2020 - 09:00

Yn it jier 2000 stie Fryslân yn it teken fan Simmer 2000, de grutte Friezereüny. Mei grutte eveneminten lykas de Slachtemaraton en it muzykspektakel Simmertime. Mar ek yn de Fryske doarpen waard fan alles organisearre. Dizze simmer sjogge we alle sneonen werom op Simmer 2000. Mei in greep út de moaiste en nijsgjirrichste programma's, dy't op Weromrop te finen binne.

Mei it programma 'Simmer 2000 op lokaasje' binne we yn Ljussens en prate mei Fries om utens Okke Jansma út Australië. Muzyk is der fan de Amalfi's.

Oant en mei 29 augustus wurde ek yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân alle wiken oantinkens ophelle. Sneon yn Fryslân is tusken 13.00 en 18.00 oere te folgjen op radio en telefyzje.

Trefwurden: 
Ljussens Weromrop Simmer 2000
(Advertinsje)
(Advertinsje)