ONS earste Fryske amateurklup mei regionaal sertifikaat jongereinoplieding

Fuotbalklup ONS Snits hat as earste amateurklup yn Fryslân in regionaal sertifikaat binnenhelle foar de jongereinoplieding. Yn it noarden hat allinnich de Grinzer klup Be Quick sa'n status. ONS tinkt mei dit sertifikaat wer in kwaliteitsslach meitsje te kinnen.
© ONS Sneek
Binnen it opliedingsprogramma fan de KNVB wurde op fjouwer nivo's jongereinsertifikaten útrikt: ynternasjonaal, nasjonaal, regionaal en lokaal. ONS hie al trije jier it sertifikaat lokaal, mar dat is mei yngong fan jannewaris dit jier ferrûn.
ONS wol graach nei in heger plan mei de jongereinoplieding en hat dan ek in pear jier dwaande west om it sertifikaat binnen te heljen. Want der moat oan in flink tal easken foldien wurde. Sa moat der in dúdlik beliedsplan lizze, moatte der fideo-analyzen makke wurde kinne, fine der tal fan persoanlike petearen plak mei spilers en moat der in krêfthonk op de klup wêze.

Wiis mei

Direkteur fuotbalûntwikkeling fan de KNVB Art Langeler sil it regionaal sertifikaat op sneon 5 septimber offisjeel útrikke oan ONS. Haad fuotbalsaken Douwe Jan van der Wal is tige wiis mei it sertifikaat. "We zijn de enige club in Fryslân die zo'n regionale certificering heeft en samen met Be Quick ook de enige in het noorden. Dus het is een hele mooie erkenning voor alles waar we de afgelopen drie jaar aan gewerkt hebben. Een erkenning voor de kwaliteitsslag."

Hegere easken

It regionale sertifikaat is wer krekt in stapke heger as it lokale sertifikaat, leit Van der Wal út. "Voor het regionale certificaat moet je aan allerlei criteria voldoen om ervoor in aanmerking te komen. Dat is heel breed: dat je met video-analyse moet werken, de medische ondersteuning voor jeugdspelers moet op orde zijn, de jeugdtrainers moeten bepaalde diploma's hebben en ze kijken ook naar het beleid. We hebben steeds gekeken hoe we weer een volgende stap konden maken."

Nije spilers

Hy hopet ek dat it mear jonge spilers lûkt. "Ik denk dat de kans daarop best groot is. Zeker de selectieteams spelen al op vrij hoog niveau in de landelijke divisies, die teams hebben altijd veel aantrekkingskracht op talentvolle spelers uit de regio. Ik hoop dat we dit bij de andere teams nu ook gaan zien, dat ouders en kinderen hier bewust voor kiezen. Onze benadering is pedagogisch, een positieve benadering. Maar wel door op een professionele en goed georganiseerde manier te werken. Dat komt ook weer het speelplezier ten goede."
Douwe Jan van der Wal fan ONS Snits