Kollum: "Drinkwetter, djoerder as goud"

15 aug 2020 - 08:22

"As der de lêste dagen ien ding helder wurden is, moat dat wol it grutte wetterferbrûk wêze. We sykje mei syn allen ferkuolling yn dit hjitte waar, mar oan de eachein sjogge guon minsken driging dy't dêrmei te krijen hat. De lêste jierren falt der eins te min reinwetter om it swiete grûnwetter op peil te hâlden. Grutte parten fan it easten fan it lân hawwe dêr problemen mei.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

It kin wolris ien fan de grutte fraachstikken fan de kommende 50 jier wurde, mochten de simmers rysdrûch bliuwe en der yn 'e winter net genôch kompensaasje nei ûnderen falle yn de foarm fan rein. Snie, dêr haw ik it mar net iens oer, dat is wishfull thinking fan in winterromantikus.

Wy hawwe it hjir net oer in lyts probleem, mar miskien is it wol grutter as Nederlân fan it gas ôf helje. Dêr kinne jo alternativen foar betinke, foar reinwetter is dat wat dreger.

Is der dan nearne ljocht oan de ein fan de tunnel? No, miskien wol. We hawwe nammentlik gjin tekoart oan wetter op de planeet ierde, mar it probleem is dat it measte wetter yn de oseaan sâlt is en dêr krije jo wer mear toarst fan. De trúk is dus om sâlt wetter swiet te meitsjen en op dy wize geskikt foar it drinken en brûken as bereining foar gewaaksen.

Dat is net samar klear. Wat is der op dit stuit oan ûntwikkelingen geande? No, yn it jier 2019, dat liket lang lyn mar it wie ferline jier, skatte saakkundigen yn in stúdzje fan de Feriene Naasjes dat der op dit stuit eltse dei 95 miljoen kúb seewetter omset wurdt yn swiet wetter. Yn 2019 wienen der sa'n 16.000 ynstallaasjes dy't dat klearspilen. Benammen yn lannen as Saûdy-Arabië binne se al aardich fier mei it drinkwetter út de see heljen. Dat liket in soad, mar eins is it mar in drip op in gloeiend terras, dy is samar wer ferdampt. As je nei de Nederlânske skaal sjogge, binne der hiele oare getallen en liters nedich om de tekoarten op te lossen, lit stean as je it oer mondiaal hawwe.

Dêrom is it ek miskien wol ien fan de grutste fraachstikken dy't foar ús lizze. Mar de urginsje is noch net hielendal helder makke. Nei twa dagen reinwetter jammerje de minsken op Twitter dat de tekoarten no wol wer oplost binne, wylst it oer in jier as wat eins hast wol in jier oan ien stik troch reine moatte soe. Sa grut wurde de problemen as der gjin hurde karren makke wurde.

Wetter opfange en bewarje en net as idioaten ôfstreame litte as je even net mei de trekker op it lân kinne. Miskien moat de polityk dêr wol kompensaasje foar jaan oer in jier as tsien. Soks is in reële situaasje, want wy kinne net sûnder wetter. It freget oerlis en fyzje nei de takomst ta. Fan beliedsmakkers en de brûkers fan it lân. Dat binne wy dus yn prinsipe allegearre.

In oare oplossing: mega ynvestearje yn seewetter swiet meitsje. En dan komt der daalks it fraachstik oer it restprodukt efter wei. Want as je sâlt yn swiet wetter omtsjoene, bliuwt der pikel oer. Dat is net sa dreech om te betinken. Wol wat je dêr mei dogge. Kin dat bygelyks yn it sâltfabryk yn Harns omset wurde nei skjin sâlt? Yn de gaskoepels fan Grins mitere wurde sadat dêr gjin ierdskoddingen mear komme?

Allegearre fraachstikken dêr't efter de skerms grif drok oer neitocht wurde sil, mar yn in polityk klimaat dêr't je yn maart foar de soarch steane te klappen en in healjier letter dy minsken net beleanje wolle foar harren hurde wurkjen, liket it mear oer bysaken te gean as oer de dingen dy't der yn de takomst werklik ta dogge."

(advertinsje)
(advertinsje)