Brantsje op bedriuweterrein oan De Kalkovens op De Gordyk

De brânwacht fan De Gordyk moast sneon ier en betiid útride foar in brantsje op in bedriuweterrein oan de strjitte De Kalkovens. It fjoer is nei alle gedachten ûntdutsen troch meiwurkers fan it bedriuw, dy't dêrnei de brânwacht ynskeakele hawwe. De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle.
© De Vries Media
Wat krekt de oarsaak wie fan de brân, is net bekend.