Gebiet om Drachten yn de nacht, Flylân yn de moarn sûnder stroom

15 aug 2020 - 07:25

It westlike part fan Flylân hat te krijen mei in stroomsteuring. Neffens Liander is der in monteur op 'en paad, mar it is noch net bekend hoe lang de steuring duorje sil. Yn de Fryske Wâlden siet freedtenacht in grut gebiet sûnder stroom. It gie om it noardlike part fan Drachten en Drachtsterkompenije, Boelensloane, Houtigehage, Nyegea en De Rottefalle.

Foto: De Vries Media

De steuring yn de omkriten fan Drachten ûntstie krekt nei 23.00 en wie om 1.15 wer oplost. Liander hat oanjûn dat de oarsaak noch net bekend is. It is net de earste kear, want ôfrûne tiisdei sieten ek al in soad húshâldens sûnder stroom yn it gebiet om Drachten hinne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)