Persoan swier mishannele by fjochtpartij op strân It Amelân

By in fjochtpartij tusken twa groepen op it strân fan Nes op It Amelân is ien persoan ferwûne rekke yn de nacht fan 12 op 13 augustus. Dy persoan is swier mishannele, seit de plysje.
De kustline fan Nes op It Amelân © ANP
De twa groepen hiene spul krigen, de plysje hat net bekend makke wat dêr de oanlieding ta wie. De telefoan fan it slachtoffers is ek stellen. De plysje freget oan tsjûgen om har te melden.