VVV-direkteur makket him gjin soargen oer imago Skylge

14 aug 2020 - 22:48

Skylge leit de ôfrûne dagen ûnder in fergrutglês yn de media nei de corona-útbraak ûnder gasten fan jongereincamping Appelhof. Grutte groepen jongeren ferlitte it eilân, omdat se benaud binne om besmet te wurden. Dochs makket direkteur Michel Aaldering fan VVV Skylge him gjin soargen oer it imago fan it eilân.

Foto: Google Street View

"Je zit hier zeker niet op te wachten, dat is simpel zat. Dat het onder jongeren is uitgebroken, staat niemand van te kijken. Die nemen het niet zo heel nauw met de afstand", leit Aaldering út. "Maar het is een lokaal iets, op een jongerencamping." Foar de rest is der yn Aaldering syn optyk neat opmerkliks bard en hoecht der dêrom gjin panyk te ûntstean.

Der is sûnt dei ien fan de coronakrisis neffens him ynsetten op it hanthavenjen fan de coronamaatregels en it hâlden fan ôfstân. Dochs is it net sa maklik sein dat de corona-útbraak him beheint ta de camping. Ek bygelyks personiel fan de supermerk dêr't de jongerein in soad kaam en taksybestjoerders meitsje har soargen. Aaldering: "Iedereen die ook maar het gevoel heeft dat hij iets onder de leden heeft, kan zich laten testen. Het personeel van de camping heeft zich laten testen en bij hen is niets geconstateerd."

"Vooralsnog ziet het er allemaal goed uit"

Fan 134 minsken dy't har tongersdeitemoarn op Skylge teste litten ha op it coronafirus, hat ien persoan in positive testútslach krigen. Fan de 300 minsken dy't freed in coronatest dwaan lieten, is de útslach fan 169 minsken bekend: gjinien fan harren is posityf test op it firus. "Dus vooralsnog ziet het er allemaal goed uit", seit Aaldering.

Dat de camping earder tichtgiet, is net perfoarst in finansjele tik foar de hoareka op it eilân, neffens Aaldering. "Het eiland en de terrassen zijn goed gevuld. Natuurlijk is er een doelgroep niet, maar we hebben het over 800 jongeren op 20.000 bezoekers. Dus het is niet zo dat het hele eiland ineens leegstroomt."

Michel Aaldering fan VVV Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)