Gjinien posityf test op twadde testdei Skylge; 169 minsken test

14 aug 2020 - 21:34

Fan de 300 minsken dy't freed in coronatest dwaan litten hawwe op Skylge, is de útslach fan 169 minsken binnen. Gjinien fan harren is posityf test op it firus. Dat meldt GGD Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Tongersdeitemoarn iepene de sûnenstsjinst in nije testlokaasje yn Midslân op Skylge, om't twa gasten fan camping Appelhof op it eilân by thúskomst posityf testen op it firus.

Om't de GGD Fryslân freed langer trochgie mei testen, koene net alle meunsters oan de ein fan de moarn mei nei de fêste wâl. 131 persoanen wachtsje noch op harren testútslach. Sy krije dêr sneon telefoanysk útslach fan.

Gasten fan camping Appelhof op Skylge hawwe oant moandei 12.00 oere de tiid om de camping te ferlitten. Dat hawwe de camping, de gemeente Skylge en Feilichheidsregio Fryslân nei oerlis besletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)