Earste ferlies foar Cambuur yn tarieding: Volendam wint mei grutte sifers

Sportklup Cambuur hat foar it earst dizze tarieding in oefenwedstriid ferlern. FC Volendam wûn mei 4-0 yn Ljouwert. De ploech fan Henk de Jong spile sleau en Volendam profitearre fan flaters yn de Ljouwerter opbou.
Gearfetting fan de wedstriid:
CAMVOL2
De besikers wiene yn de earste helte fan it begjin ôf de baas. de ploech fan Wim Jonk profitearre fan in sleau opbouwend Cambuur. Sa kaam Boy Deul yn goede posysje, mar hy skeat de bal hast rjocht op Sonny Stevens ôf. Nei tsien minuten wie it wol raak. By in skerpe foarset fan Nick Doodeman stie Martijn Kaars op it goede plak. De spits glied de bal efter Stevens.
Jamie Jacobs hie koart dêrnei de earste serieuze kâns foar de Ljouwerters. Ut in corner kopte de middenfjilder fan ôfstân rjochting de krusing, mar doelman Joey Roggeveen wurke de bal noch krekt oer syn eigen goal. De goal foel even letter wer oan de oare kant. Nei balferlies op it middenfjild by de thúsploech stie Ibrahim el Kadiri samar each yn each mei Stevens. Hy prikte de 0-2 binnen.
© www.orange-pictures.nl
Foar de wedstriid waard bekend dat in spiler út de seleksje fan Cambuur posityf test is op it coronafirus. Alle oare spilers binne negatyf test. De posityf teste spiler hat nei de test net mear yn kontakt west mei syn ploechgenoaten en de stêf. Hy sit yn karantêne en docht de kommende tiid net mei oan teamaktiviteiten.
Yn de twadde helte fergrutte Volendam de foarsprong. Cambuur hie opnij balferlies en opnij profitearre de ploech yn it oranje. Nick Doodeman makke der 0-3 fan. Dêrnei krige de ploech fan Henk de Jong wol wat kânskes. Jamie Jacobs kaam krekt net út by de twadde peal en ek ynfaller Giovanni Korte kaam krekt wat tekoart om Cambuur op it skoareboerd te setten. Mike Eerdhuijzen kopte yn de slotfaze ek noch de 0-4 tsjin de touwen, út in corner.
De reaksjes fan Henk de Jong en spits Maarten Pouwels, dy't syn debút makke:
It is it earste ferlies foar Cambuur yn tarieding op it nije seizoen. Earder wûn de ploech fan ONS Snits, Harkemase Boys en earedifyzjonisten PEC Zwolle en FC Emmen. Oer in goede wike spilet Cambuur opnij thús, dan tsjin FC Dordrecht. Dat is de lêste oefenwedstriid foar't de kompetysje úteinset.
SC Cambuur - FC Volendam 0-4 (0-2)
Opstelling SC Cambuur