Ekonomyske krimp rekket ek Fryslân, mar wurkgelegenheid rint alwer op

De krimp yn Nederlân sil, sa't it CBS no berekkene hat, útkomme op 8,5 persint yn it twadde fearnsjier. Troch de coronakrisis rekken ek yn Fryslân in soad minsken harren wurk kwyt, mar der is no wer in opgeande line te sjen, seit Friso Douwstra fan FryslânWerkt.
Ekonomy © Shutterstock.com
Hoewol't de sifers soarchlik binne, sjocht Douwstra dus ek ljochtpuntsjes. "Dit binne de sifers fan it twadde fearnsjier, dy binne hiel hurd, oan de oare kant sjogge je ek dat de ferrommingen pas oan de ein fan it twadde fearnsjier kamen."
"As wy sjogge nei de wurkgelegenheid, dy is wol ôfnommen, mar sjochst yn de moanne juny eins alwer in 'opwaartse' trend", seit Douwstra. "De WW-populaasje is de ôfrûne twa moannen just wer in bytsje delrûn."

Mear minsken yn bystân

It tal minsken yn de bystân rint wol op, en dat soarget foar ekstra kosten foar de gemeenten. Douwstra, ek wethâlder yn Ljouwert, sjocht dêrmei it hurde wurk fan syn gemeente ferlern gean. "Wy hiene in nij belied makke, en dat wurket. Wy binne yn Ljouwert fan 6400 nei 5600 gien yn twa jier, dat wie echt in topprestaasje. No sjogge wy dat wy yn fjouwer moannen fan de 5600 op 5900 sitte."
Ek de gefolgen foar de toeristyske sektor binne noch lang net wis, seit Douwstra. "Yn de toeristyske sektor lûkt de wurkgelegenheid oan, en it draait wol aardich, Mar de moannen derfoar wiene wol poermin. Wy binne wol in bytsje huverich foar nei de simmer, ha dy bedriuwen noch genôch fet op 'e bonken? Dat wurdt spannend."
Friso Douwstra