Camping Appelhof dochs oant moandei iepen; ekstra ôffeart skrast

14 aug 2020 - 18:45

Gasten fan camping Appelhof op Skylge hawwe oant moandei 12.00 oere de tiid om de camping te ferlitten. Dat hawwe de camping, de gemeente Skylge en Feilichheidsregio Fryslân nei oerlis besletten. Earder freed waard noch bekend makke dat de camping snein om 12.00 oere al leech wêze moast. Foar minsken dy't freed noch gjin útslach hiene, wie in ekstra ôffeart regele. Dy is lykwols skrast fanwegen min waar. Dy minsken kinne no mei mei de reguliere boat fan Doeksen om 20.40 oere.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

"Hoewel het aantal jongeren dat positief is getest op corona tot dusverre gelukkig meevalt, nemen we de situatie heel serieus", seit boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld fan Skylge.

Yntusken binne in soad jongeren al fuortgien en ek in soad hawwe harren ferbliuw annulearre. Dejingen dy't op dit stuit noch op de camping binne en dy't noch fan plan wiene om nei de camping te kommen, wurde dêroer ynformearre. Foar de jongeren dy't fan it wykein wer nei de fêste wâl ôfsette, is neffens de Feilichheidsregio genôch plak op de fearboat.

Utslaggen trochbelle

Der binne freed sa'n 300 minsken test op Skylge. GGD Fryslân bellet op dit stuit de earste minsken mei harren útslach. Pas as mei eltsenien kontakt opnaam is, wurde de totaalsifers fan freed bekendmakke.

Minsken dy't in negative útslach krije, meie freed nei hûs ta as sy dat wolle. Dat kin fia de reguliere tsjinstregeling fan de fearboat. Minsken dy't in positive útslach krije, krije fuortendaalks ynstruksjes fan GGD Fryslân foar de ferfolchstappen, wêrûnder isolaasje, beskermingsmiddels en ferfier nei hûs.

Minsken dy't freed noch gjin útslach krigen hawwe, mar wol fan it eilân wolle, kinne freedtejûn om 20.40 oere mei de fearboat fan Doeksen mei. Yn earste ynstânsje wie der foar harren in spesjale boat regele, mar dy is skrast om't it gie om in iepen boat en it KNMI koade giel mei tonger en rein ôfjûn hat.

Net alle útslaggen freed bekend

Om't GGD Fryslân freed ek langer trochgien is mei testen, koene net alle sirka 300 meunsters oan de ein fan de moarn mei rjochting it fêstelân. De útslaggen fan dizze tests komme sneon binnen.

De testlokaasje ET-10 yn Midslân is sneon ek wer fan 9.00 oant 11.30 oere iepen foar eltsenien mei mylde klachten op Skylge. Wa't gjin klachten hat, hoecht him net teste te litten, meldt de GGD.

(Advertinsje)
(Advertinsje)