Alden gerêst op nije skoaljier: "Ik ha der betrouwen yn dat it goedkomt"

14 aug 2020 - 18:11

Noch in pear dagen en dan begjinne de basisskoallen wer. Yn Akkrum hâlde se yn de lêste wike fan de simmerfakânsje in sportdei. "Ik fyn 'spannend' net it goede wurd as myn bern wer nei skoalle gean", seit Arjen Brouwer. Hy hat bern op de basisskoalle yn Akkrum en stie freed as teamlieder by de spultsjes. "Oer de bern sit ik net yn. It giet him mear om it heljen en bringen foar de âlden."

Bern wer nei skoalle

Yn Akkrum is it fjild neist de basisskoalle oan De Stringen ynrjochte as grutte boartersbaan. Der binne allegearre spultsjes te dwaan. De bern moatte oer in survivalbaan, kuorbalje of keatse.

By de survivalbaan kontrolearret opsichter Sonja Pen oft elkenien de goede rûte nimt. "Ik ha sels twa bern op skoalle," fertelt se wylst se de punten fan in nije passant opskriuwt.

"Fansels spilet corona noch wol en binne je dêrmei dwaande, mar ik fertrou dat de skoallen witte wat se dogge. Wat is goed? Elkenien hat dêr in miening oer. Ik gean derfan út dat myn bern fertroud wer nei skoalle kinne. Wer op nei it gewoane soe ik sizze."

"Ik tink dat it benammen by de bern tafalt", seit Frouwkje Lemstra. Sy is dwaande har team nei de oerwinning te helpen. "We moatte it wol efkes ôfwachtsje, want sjoen de útbraken fan de lêste tiid kin alles samar wer feroarje. Mar ik tink dat it net goed foar in bern is om thús te bliuwen. Sy moatte ek leare en mei freonen omgean kinne. Dus ik ha der net oer twivele om se te stjoeren."

Al wat ûnderfining

De twivel siet der by Arjen Brouwer ek net yn. "Nee, je binne fansels wol efkes dwaande om te sjen oft alles goedkomt. Mar je ha de bern ek al in skoftke thús hân, dus je ha der al mear ûnderfining mei. Hooplik giet moandei alles goed, mar dêr gean we fansels gewoan fan út!'

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn Akkrum

(Advertinsje)
(Advertinsje)