GGD ferstjoert by fersin dûbelde útnûging foar coronatest

14 aug 2020 - 17:03

In oantal minsken dat freedtemoarn op Skylge in coronatest dwaan litten hat, krige letter op 'e dei by fersin fia de mail ek noch in útnûging foar in test. De flater leit nei alle gedachten by de organisaasje achter it lanlike testmeldpunt.

GGD Fryslân - Foto: GGD Fryslân

Wannear't minsken har dêr melde, krije se automatysk fia de mail in oprop. Mar de minsken dy't har freedtemoarn op Skylge teste litten ha, hoegden har net yn it foar oan te melden.

Harren gegevens binne achterôf ynfierd yn dat lanlike systeem. En dat ferstjoerde dêrnei automatysk in mail. Elk dy't noch in oprop krigen hat en al test is, hoecht net noch in kear del te kommen foar in test.

Trefwurden: 
GGD coronafirus coronatest
(Advertinsje)
(Advertinsje)