Cambuurspiler test posityf op coronafirus

14 aug 2020 - 17:21

In spiler fan SC Cambuur hat posityf test op it coronafirus. Dat hat de klup freed bekendmakke. Om hokker spiler oft it giet, is net bekend.

Algemien direkteur Ard de Graaf oer it nijs:

camvol ynterview3

De spiler is yn thúskarantêne gien en wurdt bûten de teamaktiviteiten holden.

Gjin oare spilers besmette

Alle oare spilers ha negatyf test op it firus. De spiler yn kwestje hat dêrnei net wer yn kontakt west mei oare spilers of de stêf. De oefenwedstriid tusken Cambuur en FC Volendam fan freedtejûn giet dêrom gewoan troch.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets
(Advertinsje)
(Advertinsje)