Wittenskippers ûndersykje ûnderwetternatuer yn de Waadsee

14 aug 2020 - 16:35

Op 60 plakken yn de Waadsee driuwe sûnt dizze maitiid mysterieuze reade boeien. Wat dêroan fêstsit, is in wittenskiplik eksperimint, dat ûnderdiel is fan it 'Waddenmozaïek-projekt'. Dat projekt is fan de Rijkuniversiteit Groningen, it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee op Teksel en fan Natuermonuminten. Se sjogge benammen nei de djippere ûnderwetternatuer dêr't noch net in soad oer bekend is.

De boeien binne twa wiken lyn foar it earst kontrolearre. Of eins wat der ûnder de boeien hinget: metalen koaien mei yn eltse koai in saneamd 'hurd substraat', oftewol objekten mei in hurd oerflak. "Bijvoorbeeld grind, schelpen, graniet, maar ook hout en kunstmatige rifjes van kalksteen", leit wittenskiplik koördinator Oscar Franken út.

"We willen eigenlijk kijken wat er op verschillende harde substraten kan groeien." Der binne oanwizings dat der ferspraat oer de Waadsee earder folle mear fan dat soarte plakken wiene.

Ien fan de reade boeien dêr't in metalen koai ûnder hinget. Op de achtergrûn in ûndersyksskip - Foto: Oscar Franken, Waddenmozaïek

Doe't de koaien foar it earst kontrolearre waarden, binne der ferskate soarten wier fûn, mar ek bisten dy't dêrby hearre. Dan giet it bygelyks om seepokken, anemoanen, fûkewjirmen en fiif ferskillende soarten krabben.

"Biodiversiteit een handje te helpen"

Mar it eksperimint is noch lang net oan syn ein. Uteinlik witte je aanst folle better hokfoar libben der mooglik is op hokfoar soart hurd oerflak. En dy kennis hat neffens Franken wol in praktyske tapassing: "We kijken of er beheersmaatregelen mogelijk zijn om de natuur en de biodiversiteit een handje te helpen. En daar is dit project één van de onderdelen van."

Undersikers ynventarisearje wat der yn in ûndersyksbak libbet - Foto: Oscar Franken, Waddenmozaïek

Mar it Waddenmozaïek-projekt is folle breder. Franken: "Het overkoepelende doel is eigenlijk die hele onderwater wereld in kaart te brengen. Dan gaat het met name om de diepere delen van de Waddenzee, want er is eigenlijk heel weinig bekend over daar überhaupt leeft."

Dêrom binne der ferline maitiid ferspraat oer it Waad 1.400 boaiemmeunsters naam en is analysearre wat dêryn libbet. Ek it seewierwerstel (zeegras) makket diel út fan dit ûndersyksprogramma.

Nije soarten

As je sa yntinsyf ûndersyk dogge, soe je ferwachtsje kinne nije soarten tsjin te kommen. Franken dêr oer: "Dat zou heel goed kunnen en het zou me ook niets verbazen dat als we dit op de lange termijn blijven bekijken we soorten tegenkomen die nog niet eerder zijn gemeld voor de Waddenzee."

It 'lânskip', oftewol de hichte en djipten, wurde fêstlein - Foto: Oscar Franken, Waddenmozaïek
(Advertinsje)
(Advertinsje)