Learlingen Magister Alvinus twa wiken nei Skylge-besite pas wer wolkom op skoalle

Learlingen fan skoallemienskip Magister Alvinus yn Snits dy't de ôfrûne twa wiken op camping Appelhof op Skylge west ha, meie foarearst net op skoalle komme. Der moat twa wiken sitte tusken harren lêste dei op Skylge en de earste skoaledei. Dêrmei wol it bestjoer foarkomme dat it firus de skoalle ynkomt. Dat hat de skoalle besletten nei oerlis mei de GGD.
© Omrop Fryslân
It is lykwols in eigen beslút fan de skoalle, seit rektor-bestjoerder Sixtus Haverkamp fan Magister Alvinus. "We kregen vragen van ouders, die wisten dat leerlingen van onze school op Appelhof waren, of wij daarover hadden nagedacht. Het leek ons verstandig om leerlingen die daar zijn geweest toch even in quarantaine te laten. Daarin hebben we overleg gehad met de GGD, maar het was ons eigen besluit."
De learlingen kinne ôfspraken meitsje oer it online folgjen fan de lessen. Se moatte ek in ôfspraak meitsje oer it opheljen fan har boeken. Se meie de skoalle net yn, se krije har boeken by de yngong fan de skoalle.
Op camping Appelhof waard fan 'e wike corona fêststeld. It gong om twa jongeren út Noard-Hollân. Doe't se wer thús wiene, kamen se derefter dat se it firus hiene. Der waard in testlokaasje opsetten op it eilân. Yn totaal binne der no njoggen coronabesmettings foar it ljocht kaam op Skylge.
Rektor-bestjoerder Sixtus Haverkamp fan Magister Alvinus