GGD test freed trijehûndert minsken op Skylge, sneon wer fierder

14 aug 2020 - 15:28

Sa'n trijehûndert minsken hawwe har freed op Skylge teste litten op it coronafirus. Dat binne der de helte mear as tongersdei, doe't de testlokaasje foar it earst iepen wie. Neffens de GGD kaam benammen jongerein foar in test nei de spesjale lokaasje yn Midslân.

GGD test freed trijehûndert minsken op Skylge, sneon wer fierder

De GGD is freed op Skylge langer trochgien mei it testen fan minsken, omdat der safolle fraach wie. Om 13.30 oere hinne gie de testlokaasje ticht. Sneon kinne minsken har wer teste litte op it eilân; net allinne jongerein, mar ek eilanners en oare toeristen mei klachten. De lokaasje is dan tusken 09.00 oere en 11.30 oere wer iepen.

Freedtejûn útslaggen

"Wy ha hjoed in flinke slach makke", seit Marcel de Jong fan GGD Fryslân. "Der wiene mear kollega's, ek om jongerein te begelieden. Yn 'e moarn ha wy sa'n 180 tests ôfnaam, dêr sille wy hjoed net allegear de útslach fan krije." Wa't letter test op de dei is, moat elts gefal wachtsje oant sneon.

Wa't negatyf test wurdt, kin freed mei de lêste boat nei Harns, om 20.40 oere. Wa't wol besmet is mei it coronafirus, wurdt apart nei de wâl brocht.

Foto: ProNews

Marcel de Jong fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)