Trijetal krijt boetes en wurkstraf fanwegen wytplantaazje

14 aug 2020 - 15:02

Trije manlju dy't belutsen wiene by in wytplantaazje mei 28 planten yn in wente oan de Wismastate yn Ljouwert binne freed feroardiele ta jildboetes en in wurkstraf.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De wente stie op namme fan in 24-jierrige Ljouwerter. Doe't de plysje yn de nacht fan 28 april reagearre op in melding fan lûdsoerlêst, wiene de twa oare fertochten, in 21-jierrige Ljouwerter en in 24-jierrige Noardburgumer, mei de 18-jierrige freondinne fan de bewenner. De aginten seagen dat de manlju dwaande wiene yn in tinte dêr't wytplanten yn stiene.

De jongste fertochte rûn yn in proeftiid en hie noch in selstraf fan 130 dagen ûnder betingst boppe syn holle hingjen. De rjochter feroardiele de Ljouwerters ta jildboetes fan 750 euro. De selstraf fan 14 dagen ûnder betingst fan de 21-jierrige sette de rjochter om yn in wurkstraf fan 60 oeren.

De Noardburgumer krige in wurkstraf fan 150 oeren. Neist syn belutsenens by de himpkwekerij hie de man ein febrewaris foarich jier mear as in kilo hasj en wyt yn hûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)