Man 'noas oan noas' mei hanthavening om't er Prinsetún yn Ljouwert net út wol

14 aug 2020 - 11:22

De plysje fan Ljouwert hat tongersdeitejûn in 31-jierrige man oppakt dy't de Prinsetún net út woe. It park is nachts ôfsletten yn ferbân mei de coronamaatregels. Doe't hanthaveners de minsken nei tsienen it park út ha woene, waard de fertochte lulk en begûn er har te misledigjen.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

De man rûn yn earste ynstânsje wol mei, mar ien kear bûten de Prinsetún gie er 'noas oan noas' stean mei ien fan de hanthaveners. Dy treau him fuort, om eventueel besmetting mei it coronafirus foar te kommen.

De fertochte naaide út en koe úteinlik by De Harmonie oanhâlden wurde, mar dat gie net sûnder geweld. De man is fêstset. De hanthaveners ha oanjefte dien.

(advertinsje)
(advertinsje)