Gaos by it strân fan It Amelân: auto fan lifeguards fernield

14 aug 2020 - 11:02

De plysje fan It Amelân siket tsjûgen fan meardere fernielingen op it eilân. Yn de nacht fan tongersdei op freed waard in auto fan de lifeguards fernield, en op it strân fan Nes troffen meiwurkers freedtemoarn in gaos oan. Ek de foardoar fan it plysjeburo yn it doarp moast it ûntjilde.

De fernielde auto fan de lifeguards - Foto: Twitter: @Politie_Ameland

Minsken dy't mear witte oer de fernielingen, wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)