Liveblog | 14 augustus 2020

Simmerblog: Simmer yn Wynjewâld

Omrop Fryslân is de hiele simmer yn tal fan Fryske plakken.
Lêst bywurke: 16 augustus 2020, 10:29
freed 14 augustus 2020
17:45

Ein fan dit simmerblog

We binne oan de ein fan dit blog yn Wynjewâld, tank foar it folgjen!
Moandei binne we yn Balk, oant dan!
Besjoch hjir de telefyzje-útstjoering:
17:35

Fan suvelfabryk nei rekreaasje

Op it terrein fan it âlde suvelfabryk yn Lyts Grins, in buorskip by Wynjewâld, is no plak foar rekreaasje fan ynwenners en toeristen. Itsuvelfabryk moast dêrom sloopt wurde. "Dit gebou wie eins hielendal ferpaupere en de rotte kies fan Wynjewâld", seit Tinus ten Hoor. "Boatsjeminsken kinne hjir oanlizze en gebrûk meitsje fan de dûs en toiletten. En at it min waar is kinne se hjir binnen rekreëarje." Ek komt der in rêstpunt foar fytsers en kuierders.
Ferslachjouwer Willem de Vries by it eardere suvelfabryk
16:33

Kowemolke as ferwaarming

Mei kowemolke in bernedeiferbliuw ferwaarmje: dat kin, neffens Jesse Russchen. Foar in eineksamenopdracht hat hy dêr mei twa klasgenoaten wat foar ûntwikkele. "Wy woene de waarmte fan de molke graach benutte", seit Russchen. "De molke sit om de 37 graden hinne en dy moat weromkuolle wurde nei 4. Dy waarmte komt frij, skande om fuort te smiten."
Dêrom betochten se in systeem om de waarmte te ferfieren. "Fia de robot wurde de kij molken, dan giet it troch in waarmtewikselder. Sa wurdt de temperatuer út de molke helle. Dat wurdt nei it bernedeiferbliuw pompt troch in isolearre buis, dêr giet it wer troch in waarmtewikselder." Sa wurdt de flier fan it deiferbliuw ferwaarme.
Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Jesse Russchen
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
15:26

'Kleintje-dorpsfeest'

Nettsjinsteande de coronakrisis hâldt Wynjewâld sneon in soarte fan doarpsfeest. "Yn prinsipe binne wy begûn mei in aktiviteit foar bern, mar dat is no wat grutter wurden mei wat muzyk derby, in foodtruck en as ôfsluting in disko", fertelt Aline Stroetinga. "Wy ha ynset op jongerein, mar wy seinen sels ek al, it is hast in 'kleintje-dorpsfeest'."
Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Aline Stroetinga
Aline Stroetinga © Omrop Fryslân, Willem de Vries
13:55

Wenje yn it Wâldhûs

De bewenners fan it Wâldhûs binne tige wiis mei harren wenplak. "Moai doarp, allinnich jammer dat wy gjin winkel mear ha", seit ien fan de bewenners. "Ik kom fan Bakkefean, mar ik soe net graach werom wolle."
It gebou is noch hartstikke moai neffens de bewenners, mar der moat noch wol wat barre seit foarsitter Grietje Rooks. "Der meie wolris nije kezinen en glês yn, wat isolaasje. En de fernijing fan de badkeamer is alris útsteld, der moat wol wat oan barre."
Ferslachjouwer Willem de Vries yn it Wâldhûs
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
12:57

Wynjewâld wol enerzjyneutraal wurde

Wynjewâld moat yn 2025 enerzjyneutraal wêze, dat fynt Enerzjykoöperaasje WEN (Wijnjewoude Energie Neutraal). It projekt is al yn folle gong. By soarchbuorkerij De Twa Bûken lizze bygelyks 200 sinnepanielen op it dak. Dêrmei wurdt stroom oan Wynjewâlde levere en ek ynwenners fan oare doarpen yn de omkriten kinne meidwaan.
"Doe't wy begûnen seinen in oantal minsken: dit wurdt neat", laket Pieter de Kroon fan WEN. "Mar wy binne Friezen en wy binne koppich, dus as wy dat mei elkoar ôfprate, 2025 enerzjyneutraal, dan giet dat ek troch." It doarp is al op de goeie wei, seit De Kroon. "Wy besparje yn it doarp al tsien prosint mear as alle oare doarpen yn de gemeente. Wy wekke ek tsien prosint mear duorsum op."
Neist plannen foar in sinnepark fan oardel hektare, moat der ek in dongfergister komme om gas te meitsjen. "Alle huzen kinne noait fan it gas ôf, dat kin it elektrisiteitsnet net lûke en boppedat is it net te beteljen, dus wy moasten nei grien gas ta."
Ferslachjouwer Willem de Vries oer enerzjyneutraal Wynjewâld
© Omrop Fryslân, Willem de Vries