Kollum: "Dom & Laksonderzoek"

14 aug 2020 - 08:57

"Stel datst op in fearboat wurkest mei de simmer as hichtepunt fan it jier. Mei alle leafde helpst de fleurige minsken en jongerein dy't fakânsje hawwe en as se fan 'e boat geane winskest harren in noflike ferbliuw op it eilân ta.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

Doe kaam de corona om 'e hoeke sjen mei as resultaat dat elkenien no in mûlkapke foar ha moat, ynklusyf it personiel. Mar wylst de reizgers op syn meast oardel oere op sa'n fearboat sitte, wurket it personiel de hiele dei. Sy drage grif leaver sels ek net oeren efter inoar sa'n ding, mar it binne no ien kear de regels.

Hoe dreech kin it úteinlik wêze om as passazjier dan efkes sa'n kapke foar de snút te dwaan, soest tinke, mar foar in hiele protte minsken skynt dat in ûnmooglike opjefte te wêzen. Mei as resultaat dat it personiel de hiele dei freegje moat oft guon lju asjebleaft it mûlkapke foar dwaan wolle en as tank ek nochris de iene domme opmerking nei de oare om 'e earen krije.

Dit senario ha ik in pear wiken lyn al heard fan immen dy't by in feartsjinst wurket en soks fret enerzjy. Letter hearde ik fan in fakânsjegonger dy't nei in eilân ta gong dat it personiel op 'e fearboat sa segrinich wie mar dat koe ik wol begripe. En wer letter seach ik op de Omrop dat der no befeiligers omrinne dy't de minsken op har ferantwurdlikheid wize moatte omdat it foar it personiel hieltyd dreger waard.

Doe betocht ik dat se neist in 'bron- en contactonderzoek' ek wol in 'dom- en laksonderzoek' ynstelle kinne. It hâldt yn dat sa'n befeiliger de omkoalen en wiispraters fuortendaliks in semy-permaninte 'dom & laks'-stimpel op 'e foarholle drukt as se net fan doel binne har eigen ferantwurdlikheid te nimmen.

Ik tink dat it foar de hiele maatskippij in útkomst is omdat we dan yn ien eachopslach sjen kinne mei wa't we te meitsjen hawwe want no bliuwe de asosjalen faak ek noch bûten skot. It firus hawwe en dochs op 'en paad gean? Jou elkenien dy't posityf test is dan direkt ek mar in stimpel op 'e holle; in hiele grutte P dy't minimaal twa wiken sitten bliuwt.

Rutte sei dat we hjir net yn in diktatuer libje en de minsken har sels ferantwurdlik gedrage moatte, mar it is skynber hiel dreech. En alle dy domme aksjes kinne der samar foar soargje dat oaren ek de pineut binne. Wylst ûndernimmers har oan allegearre regels hâlde moatte, gedrage in soad boargers har as dwerse pjutten dy't faak ek noch miene dat se alles better witte.

Kom op minsken! Befeiligers op fearboaten omdat jimme te beroerd óf te eigenwiis binne om efkes in mûlkapke foar de snaffel te dwaan? Dat witst dochs fan tefoaren en ast it net wolst, dan bliuwst dochs lekker thús? Ik fyn it djiptryst en begryp der earlik sein neat fan.

Dy stimpels lykje my in ideale oplossing ta. It firus heakket oan yn in nije polonêze, mar as tefolle minsken gjin ferantwurdlikheid drage wolle dan wurdt de rige hieltyd langer. En sa't ik lêst al sei, we kinne it de âlde minsken net oandwaan, mar ûndernimmers en it personiel yn de soarch ek net!

It gong eins bêst de goede kant út. Mar no't in soad lju sleauwer wurde en de jeugd leaver net in feestje oerslaan wol, hinget it firus de slingers ek wer op. Foar elke besmetting in flachje en foar elke deade in kearske út, kinne we daliks wer nei ús frijheid fluitsje. We hawwe no slim ferlet fan sûn ferstân, dus brûk it foar de feroaring in kear!"

De toan fan Hilda Talsma

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)
(advertinsje)