GGD ferromme nei earste útslaggen Skylge: "Sjen hoelang oft dat duorret"

De GGD is ferromme troch it nijs dat der by de earste 134 coronatesten dy't tongersdei op Skylge ôfnaam binne, mar ien posityf wie. Dat seit Marcel de Jong fan de GGD. "Mar we moatte even sjen hoe lang dy opluchting duorret. We sille hjoed (freed, red.) wer teste", seit De Jong. Dêrneist wacht de GGD noch op de útslach fan goed 60 testen, dy't op tongersdei ôfnaam waarden.
Minsken litte har teste op Skylge © Laura Conijn / ProNews
De GGD starte tongersdei mei in testlokaasje op it eilân fanwegen in útbraak fan it coronafirus op jongereincamping De Appelhof.
De persoan dy't wol posityf teste, is tongersdeitejûn ûnder begelieding fan de GGD nei de fêste wâl brocht. "Ik tink dat dy no thús by heit en mem is", seit De Jong.
De jongerein op it eilân kaam tongersdeitemoarn manmachtich ôf op de nije testlokaasje. In part fan de minsken waard sels sûnder test wer nei hûs of it fakânsjeferbliuw stjoerd. Neffens De Jong lei dat lykwols net oan in gebrekkige tarieding fan de GGD.
"We tochten dat we juster hûndert testen ôfnimme soene, mar we ha der hast twahûndert dien. We soene oant 11:30 teste, mar we binne trochgean oant 12.00 oere. Op in gegeven momint moasten we sizze: we moatte no ophâlde, want de foarried is hast op. We ha it dûbelde test fan wat we fan plan wiene, dus ik fyn net dat je sizze kinne dat we te min testen hiene of dat we net goed taret wiene."

Min waar

De Jong tinkt dat it freed wol ris in stik rêstiger wêze kin by de testlokaasje. "Der komme buien oan, en miskien trochdat der juster (tongersdei, red.) mar ien positive test wie, dat minsken thúsbliuwe."
De testlokaasje op Skylge bliuwt noch likernôch ien wike. "Mar it hinget ek ôf fan de fraach op it eilân. We sille it per dei besjen."
Marcel de Jong fan de GGD