Driuwend sinnepark op sânwinplasse by Nij Beets klear

It driuwende sinnepark op de sânwinplasse by Nij Beets is klear, oardel moanne neidat mei de oanlis begûn waard. Op it wetter lizze no goed 33.500 sinnepanielen. Dêr kinne fjouwertûzen húshâldens mei foarsjoen wurde fan skjinne enerzjy.
© GroenLeven
It driuwende sinnepark betsjut dat de gemeente Opsterlân no in hiel ein op streek is mei de ambysje om oer fyftjin jier enerzjyneutraal te wêzen.
In part fan de opbringsten fan it sinnepark komt yn in spesjaal fûns, wêrmei't alderhande projekten betelle wurde kinne, dêr't de minsken dy't der flakby wenje wat oan ha moatte.