Farwei troch Menaam ticht fanwegen boat dy't oalje lekt

13 aug 2020 - 22:30

De farwei by de Klaaibrêge yn Menaam is foarearst net begeanber, om't in skip tongersdeitejûn oalje ferlern hat. De farwei bliuwt ticht oant de oalje opromme is.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De folsleine sleat lei fol mei oalje. De brânwacht en de gemeente ha skermen om de boat hinne pleatst om de oalje op te fangen. It skip is fan in ynwenner fan Menaam en lei der sa'n twa oant trije dagen, neffens omstanners.

De ôfdieling Nautyske Saken fan de provinsje ferwachtet dat it opûnthâld ien dei duorret. De Klaaibrêge is it stik tusken de Berltsumer Feart en de Menamer Feart.

Trefwurden: 
Menaam oalje farwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)