Ien nije coronabesmetting op Skylge út earste 134 tests

Fan 134 minsken dy't har tongersdeitemoarn op Skylge teste litten ha op it coronafirus, hat ien persoan in positive testútslach krigen. Dat meldt de GGD Fryslân. 133 oare testútslaggen binne negatyf. It tal besmettingen op Skylge leit no op njoggen.
Minsken litte har teste op Skylge © Laura Conijn / ProNews
De persoan dy't posityf test hat, hat ynstruksjes krigen fan de GGD. Dyjinge is tongersdeitejûn noch ûnder begelieding fan in spesjale wettertaksy nei Harns brocht. Dêrnei moat hy of sy mei eigen ferfier nei hûs ta, mei it iepenbier ferfier mei net. Der is yn Harns in spesjale wachtromte mei begelieding. As de besmette persoan net nei hûs kin, wurdt dy nei in alternative karantênelokaasje brocht.
Fan njoggen minsken fan wa't de testmeunsters wol ferstjoerd binne, is de testútslach noch net bekend. Dat seit neat oer de útslach, seit de GGD. De njoggen binne wol belle mei de meidieling dat se freed mear hearre.
Foar de groep dy't negatyf test en nei hûs wol, giet tongersdeitejûn ek in ekstra boat. Wa't gjin klachten hat, hoecht him net teste te litten en kin de fakânsje gewoan trochsette, neffens de GGD.
Tongersdeitemoarn binne twahûndert minsken test, foaral jongeren. Sawat santich fan harren krije freed de testútslach. Der wiene mear dy't har tongersdei teste litte woene, mar sy moatte freed weromkomme, om't de GGD troch it testmateriaal hinne wie. De testlokaasje is freed fan 9.00 oant 11.30 oere wer iepen.

Spesjaal ynrjochte teststrjitte

De teststrjitte op Skylge waard tongersdei ynrjochte, om't campinggasten it firus blieken te hawwen. It gong om twa jongeren út Noard-Hollân, dy't op camping Appelhof sieten. Doe't se wer thús wiene, kamen se derefter dat se it firus hiene.
Letter waard bekend dat it firus fêststeld is by acht jongeren, dy't de ôfrûne wike op de camping stiene. Boargemaster Jon Hermans-Vloedbeld hie it oer in 'wake-up-call'. "Ik zie dat ook bij gasten als ze van de boot komen, dat ze denken we zijn op een eiland, maar wij maken ook deel uit van Nederland. Samen doen we ons uiterste best om het virus in te dammen."
Eigener Geert-Jan van Dieren fan Appelhof besleat woansdei al om de camping mei yngong fan moandei te sluten, twa wiken earder as pland.