Nyck de Vries pakt syn earste poadiumplak yn slotrace Formule E

13 aug 2020 - 20:31

Autokoereur Nyck de Vries fan Snits hat foar it earst it poadium helle yn in race yn de Formule E. Yn de lêste race fan it seizoen, tongersdei yn Berlyn, einige er as twadde, efter stâlgenoat Stoffel Vandoorne út België.

Nyck de Vries yn de Formule E - Foto: ANP

De Vries wie tefreden oer syn resultaat yn de kwalifikaasje, wêryn't er as fjirde einige. Vandoorne pakte de earste poleposition foar it team Mercedec-Benz EQ. Yn de race wûn De Vries al gau in plakje, troch René Rast yn te heljen. It wie wat stuorkewikseljen tusken De Vries en Rast foar P3 en P4, mar de Fries luts oan it langste ein.

Doe iepene er de jacht op Sébastien Buemi, dy't twadde lei. Ek dat gong frij flot. Hy moast it plakje even werom jaan, mar flak foar de ein fan de race helle er Buemi wer yn. "Die actie was perfect", sei De Vries. "Ik zat al vaak dicht bij het podium en dan is het bijzonder bevredigend dat het in de laatste race nog lukt." De Vries kaam efter Vandoorne as twadde oer de finish.

It is it earste poadiumplak foar De Vries yn de Formule E. Hy makke dit jier de oerstap fan de Formule 2. Troch syn goede resultaat fan tongersdei klimt De Vries ek noch yn it klassemint. Hy einiget dêryn as alfde, mei sechstich punten.

Foar de coronakrisis wiene der fiif races ferriden yn de Formule E. Op it âlde Tempelhof-fleanfjild yn Berlyn waard de ôfrûne wiken it seizoen ôfmakke. De koereurs kamen seis kear yn aksje op itselde terrein, al wiene dat wol ferskate ferskillende parkoersen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)