Fertochte jout brânstichting Tesla's no wol ta en neamt opdrachtjouwer

13 aug 2020 - 20:19

In 33-jierrige ynwenner fan Noardwâlde hat tongersdei op in rezjysitting yn de rjochtbank tajûn dat er yn maart en april 2018 twa kear de Tesla-auto fan de Jouster advokate Cynthia Grondsma yn 'e brân stutsen hat. Earder spruts de fertochte dat altyd tsjin.

De útbrânde Tesla fan april - Foto: J. de Jong

De man fertelde it hôf sels wa't syn opdrachtjouwer - ien fan de bazen op in werf - en in tuskenpersoan wie. Op de rjochtsaak waard al in ferbân lein mei it fallisemint fan de CMS-werf yn Ljouwert, in saak dêr't Grondsma as kurator by belutsen wie. De rjochtbank hie de yndruk dat de brânstichting fan de auto's in gerjochte aksje wie en dat se mooglik tsjin betelling yn 'e brân stutsen wiene. Dat befêstige de fertochte.

Het moest wel overkomen dat het niet echt een technisch mankement was.

Fertochte

Hy fertelde ek yn detail hoe't er de auto's yn 'e brân stutsen hie. Dat die er mei oalje en benzine. By de earste brân waard noch suggerearre dat dat kaam troch in technysk probleem. Mar dat wie de bedoeling net. "Het moest wel overkomen dat het niet echt een technisch mankement was", sei de fertochte. "Ik denk dat het hun ging om angst aan te jagen", fertelde er op de fraach wat dan de bedoeling wie.

Fertochte hat spyt

Hy sei dat er net wist dat it de auto fan in advokate wie. De opdrachtjouwers soene allinnich sein ha dat se spul mei ien hiene. "De bedoeling was een klein brandje." De fertochte krige twa kear 1.500 euro as beleanning. Hy sei tongersdei dat er der wol spyt fan hie. "Komt dat uit uw mond of uit uw hart?", wie de fraach fan it hôf. "Uit mijn hart. Ik heb spijt dat ik hun in gevaar heb gebracht." Beide kearen stie de auto flak foar it hûs fan de advokate, dy't doe sels op bêd lei, lykas har twa bern.

De fertochte waard yn maart dit jier al troch de rjochtbank feroardiele ta trije jier selstraf en tbs mei twangferpleging. Hy hie altyd tsjinsprutsen dat er wat mei de brannen te krijen hie. Dat er it no tajout, komt troch hoe't er behannele is troch syn opdrachtjouwers, seit er. "Ik ben gewoon gebruikt, ik heb niks meer gehoord van die mensen. Ik heb gebeld en brieven gestuurd, ze storten niks, ze doen niks."

Meiwurkje oan plysje-ûndersyk

Hy wol opnij nei it Pieter Baan Centrum (PBC) foar psychologysk ûndersyk. Dêr hie de rjochtbank him earder ek nei ta stjoerd, mar hy wurke der net oan mei. Dat is ek feroare. Hy wol wol behannele wurde, mar gjin twongen tbs-behanneling.

De 'lichtere' foarm fan tbs of in tbs fan maksimaal fjouwer jier sjocht er wol sitten. "Ik heb wel wat behandeling nodig, ik ben beïnvloedbaar." It hôf honorearre syn fersyk en stjoerde him opnij nei it PBC. Hy wol ek meiwurkje oan in nij plysje-ûndersyk nei de brânstichtingen.

Trefwurden: 
brân rjochtbank Tesla
(Advertinsje)
(Advertinsje)