Dockinga College yn Dokkum hast wer iepen, mar sûnder ekstra maatregels

13 aug 2020 - 19:56

De simmerfakânsje sit der hast op en dat betsjut dat skoallen harren klearmeitsje foar in nij skoaljier. Ek yn Dokkum, dêr't in besmettingskluster fan it coronafirus ûnder jongerein is, set de skoalle 'gewoan' mei folle klassen útein.

Gjin ekstra maatregels op it Dockinga College

It Dockinga College hoecht gjin ekstra maatregels te nimmen, ek net no't yn Dokkum ferline wike meardere coronabesmettingen oant it ljocht kamen. Dat hat de GGD de skoalle advisearre.

GGD: gjin gefaar foar mienskip

De skoalle sil moandei dus gewoan iepen, mar dêr binne wol soargen oer. "Nou en of, we hebben het begin van deze week toen we wisten over deze uitbraak direct contact gezocht met GGD Fryslân. We hebben van hen het advies gekregen: 'nee, jullie hoeven geen extra maatregelen te nemen. We hebben zicht op de gevallen, dus gevaar voor samenleving is geweken'," fertelt Geert van Lonkhuyzen, bestjoerder fan it Dockinga College.

De jongeren dy't besmet binne en dy't de GGD yn it fizier hat, moatte ek twa wiken yn karantêne bliuwe foar't se wer nei skoalle kinne.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Sportklups yn de omjouwing dy't mei deselde leeftiidsgroep wurkje, geane wol ticht. Tink oan de keatsferiening. Dat de skoalle net ticht hoecht, fynt Van Lonkhuyzen wol begryplik. "Hier op school is het niet nodig dat leerlingen lichamelijk contact hebben, daar kunnen we zelf op toezien. Daarom willen we het onderwijs door laten gaan. We volgen de landelijke richtlijnen van het RIVM op, daarbinnen kunnen we ons veilig voelen."

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Yn Dokkum en omkriten is elkenien op skerp steld, fertelt Van Lonkhuyzen. "Iedereen had altijd het idee dat het ons hier niet zou overkomen. Niet in Fryslân en al helemaal niet hier helemaal in Noord-Fryslân. Nu het coronavirus hier toch losgaat merk, ik dat iedereen ook alert is."

Mar nettsjinsteande dat minsken alert binne, kin er him wol foarstelle dat dosinten en âlden soargen hawwe. "Ik denk dat er ook docenten zijn die, net als ik, zorgen hebben over de situatie als al die kinderen weer naar school toegaan. Ik kan me de zorg bij die ouders heel goed voorstellen, ik hoop dat we ze kunnen geruststellen door ze te laten zien hoe we de maatregelen in acht nemen."

Geert van Lonkhuyzen fan it Dockinga College

(Advertinsje)
(Advertinsje)