Ferhaal Fryske Ynjegonger nei 72 jier boppe tafel

Jierrenlang koe der yn de famylje net oer praat wurde. De dea fan Gerrit Vis fan De Knipe wie gewoan te pynlik. De 21-jierrige tsjinstplichtige wie ferstoarn yn Nederlânsk-Ynje. It oargel dêr't er thús altyd op spile mocht net mear oanrekke wurde. En sa ferdwûn it ferhaal. Oant achternicht Annette van der Meer begjin dit jier op ûndersyk útgong.
Ferhaal Fryske Yndjegonger nei 72 jier einliks boppe tafel
It baltsje begûn foar Van der Meer te rôljen doe't begjin dit jier in âld legermaat fan Gerrit Vis op Facebook in oprop die. Hy woe graach yn kontakt komme mei de neibesteanden fan Vis. Hy woe fertelle oer de tiid yn Ynje. Dy oprop kaam fia-fia by Van der Meer telâne. Mei help fan oare famyljeleden hat se sûnt doe stap foar stap it ferhaal fan Vis rekonstruearre.

Guerrillastriid

"Hy gie yn 1947 rjochting Nederlânsk-Ynje. Hy moast wol, want hy hie tsjinstplicht", fertelt Van der Meer. Yn novimber fan dat jier stapte er op de boat rjochting de Yndyske havenstêd Tandjong-Priok. Vis waard yndield by in mortierpeloton en kaam telâne yn in guerrillastriid tsjin de ûnôfhinklikheidsstriders. Nei goed in jier gie it mis.
"Hy siet mei trije oaren yn in pânserwein dy't rekke waard troch in trekbom. Dy wein stoarte dêrnei nei ûnderen yn in ravyn. De trije oaren wiene op slach dea, mar Gerrit libbe noch. Hy is der doe úthelle en oerbrocht nei it needsikehûs. Dêr is er letter ferstoarn."
Annette van der Meer by it monumint foar Gerrit Vis © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Vis waard begroeven op in tydlik begraafplak yn Blora. Net ien fan de famylje wie derby. It wie te djoer om ôf te reizgjen nei Ynje. Ek doe't er letter opnij begroeven waard op it Earefjild Kembang Kuning op Surabaya wie der net ien by.
Harren ferhalen moatte ferteld wurde.
Annette van der Meer oer Nederlanners dy't tsjinne ha yn Ynje
Nei 1948 waard der net mear oer praat. It wie te pynlik, seit Van der Meer. Mar no, 72 jier letter, fûn sy it dochs tiid om deryn te dûken. "Ik fyn dat er dat fertsjinne hat. En ek de oare Nederlanners dy't tsjinne ha yn Nederlânsk-Ynje. Harren ferhalen moatte ferteld wurde."
Se makke in Facebookside oan foar de famylje fan Gerrit Vis dêr't de foto's en ferhalen dy't oan it ljocht kamen yn it ûndersyk op kamen. En se wol it mooglik ek noch yn in boekje byelkoar bringe.
Kommende sneon krijt Gerrit Vis postúm it Ereteken voor Orde en Vrede.
Gerrit Vis (yn it midden by de mortier) yn Nederlânsk-Ynje © Famylje Gerrit Vis