Hoareka op It Hearrenfean slút de doarren earder

13 aug 2020 - 17:55

De hoareka-ûndernimmers yn it sintrum fan It Hearrenfean slute fan sneon ôf om 1.00 oere nachts de doarren en de terrassen. Dat ha de ûndernimmers, de gemeente en de pleatslike ôfdieling fan Koninklijke Hoareka Nederland mei elkoar ôfpraat.

Hoareka op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Oanlieding is de groei fan it tal coronabesmettingen, ek yn Fryslân. Hoareka-ûndernimmers wolle net dat har saak in boarne fan besmettingen wurdt. Dêrom nimme se no mei elkoar maatregels.

Mei de waarmte fan de ôfrûne wiken wie it drok yn it sintrum fan It Hearrenfean. Minsken bleaune op strjitte stean te wachtsjen oant der plak wie. Dêrby waard lang net oeral rekken hâlden mei de oardel-meter-ôfstân-maatregel. Binnendoar is itselde ferhaal, sizze ûndernimmers. Se litte der dêrom no ek minder minsken yn.

Nei 1.00 oere yn de nacht fan sneon op snein wurde gjin nije minsken talitten yn de hoarekasaken. Itselde jildt foar de terrassen. Wa't wol binnen sit foar 1.00 oere, mei oant slutingstiid sitten bliuwe.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie op It Hearrenfean

(Advertinsje)
(Advertinsje)