Arriva set al it materiaal yn by start skoaljier: "Mear bussen ha we net"

13 aug 2020 - 17:11

It wurdt in spannende wike foar ferfiersbedriuw Arriva. Kommende wike is de fakânsje yn it Noarden foarby en dan nimme ek de skoalbern wer massaal it iepenbier ferfier. "De besmettingen nimme ta", seit Arriva-direkteur Anne Hettinga. "Ik wol net dat it OV dêr in folgjende oarsaak fan is."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Arriva set safolle mooglik bussen yn as mooglik. "It giet derom dat we yn de bussen genôch ôfstân hâlde kinne, dus we wolle net mei stampfolle bussen ride." In garânsje dat it rêstich bliuwt yn de bussen, jout Hettinga lykwols net. "Dizze omstannichheden binne unyk. We tinke dat de maatregels genôch binne. Dat hoopje en ferwachtsje we ek, mar in garânsje giet te fier."

'Sprieding is it toverwurd'

Mei hegeskoallen en de provinsje hat it ferfiersbedriuw ôfspraken makke. "Sa hoege de measte reizgers net mear om 9 oere op skoalle te wêzen, mar wat letter. Sprieding is it toverwurd. Ik fyn dat we yn Fryslân ek in foarbyldfunksje ha. Elkenien is hjir hiel ree om mei te wurkjen."

Mei middelbere skoallen is sprieding dreger, fertelt Hettinga. "Se besykje benammen om wat te dwaan oan de earste en twadde oere yn it roaster, mar it is lestiger."

Mear as wat Arriva no docht, kin neffens Hettinga net. "We sette it maksimale tal bussen yn, mear bussen ha we net. Ik fyn it wol spannend."

(Advertinsje)
(Advertinsje)