Fryske assistint-skiedsrjochters nei Lissabon foar kwartfinale Champions League

De Fryske assistint-skiedsrjochters Mario Diks en Hessel Steegstra komme kommende sneon yn aksje yn de kwartfinale fan de Champions League tusken Manchester City en Olympique Lyon. De wedstriid wurdt, krekt as alle oare CL-wedstriden, spile yn Lissabon.
Mario Diks, Danny Makkelie en Hessel Steegstra © www.orange-pictures.nl
Diks en Steegstra assistearje skiedsrjochter Danny Makkelie by de wedstriid yn it Estádio José Alvalade. De kwartfinale fan de Champions League giet gewoanwei oer twa wedstriden, thús en út. Fanwegen it coronafirus is dat no oars: alle wedstriden yn de kwartfinale en heale finale wurde oer ien wedstriid spile. De winner fan Manchester City - Olympique Lyon spilet tsjin de winner fan FC Barcelona - Bayern München. Dy wedstriid is freedtejûn.
Ferline wike kaam it trio Makkelie, Diks en Steegstra ek al yn aksje by de achtste finale fan de Europa League tusken Bayer Leverkusen en Glasgow Rangers.