Plysje hat fertochten mishanneling Snits op it each nei dielen bylden

13 aug 2020 - 14:53

De plysje hat ferskate tips krigen oer de mishanneling yn Snits begjin augustus. Twa manlju waarden op 2 augustus swier mishannele troch seis jongeren oan de Looxmagrêft. De dieders gongen derfan troch.

Foto: ANP

De mishanneling waard fêstlein op bylden en de plysje die in oprop oan de dieders om har te melden. Doe't dat net barde, waarden earder dizze wike de kamerabylden dield. Dêrnei krige de plysje in protte tips en oanwizingen en waarden nammen fan fertochten neamd.

Mei dy tips kin de plysje fierder. Se ha de bylden yntusken fuorthelle.

Trefwurden: 
plysje mishanneling Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)