200 jongeren litte har teste op Skylge; 90 minsken fuortstjoerd

13 aug 2020 - 12:27

Op de earste testdei op Skylge tongersdei hawwe sa'n twahûndert jongeren har teste litten op corona. It grutste part fan harren ferbliuwt op camping Appelhof of hie dêr op besite west. De minsken dy't har teste litten hawwe, krije letter tongersdei útslach. GGD Fryslân hie op sa'n 100 jongerein rekkene, mar de animo bliek it dûbelde. Dêrtroch waarden 90 minsken sûnder test te wêzen, fuortstjoerd.

De testdei op Skylge

De teststrjitte waard tongersdei yn sân hasten ynrjochte op Skylge. Yn de rige stie benammen jongerein. "En dat is ek de groep dy't we hjir graach sjogge", seit Marcel de Jong fan GGD Fryslân. "De útbraak is oant no ta allinnich op de camping. Dêrom hawwe wy jongerein mei klachten oproppen om har hjir te melden."

Der soe tongersdei oant 11.30 oere test wurde, mar dat gie langer troch. Jongerein dy't har nei 11.30 oere teste liet, krijt freed pas útslach. Om 12.00 oere giene de testmeunsters op de snelboat nei it fêstelân ta foar ûndersyk. "Dêr stie in koerier klear dy't se nei it laboratoarium yn Ljouwert brocht."

90 minsken fuortstjoerd

De GGD ferwachte tongersdei 100 minsken en tocht rom ynslein te hawwen mei 200 tests. Tsjin de ein fan de moarn die lykwols bliken dat der hast hûndert mear minsken wiene dy't har teste litte woene. De GGD moast dêrom 90 minsken sûnder test fuortstjoere. Wêr't dy persoanen hinne stjoerd binne, is net bekend. Nei alle gedachten stiet it harren frij om te gean en stean wêr't sy wolle en de boat nei it fêstelân te pakken.

Foto: ProNews

Ekstra ôffeart en aparte ferfiersstream

Foar de groep dy't negatyf test en nei hûs wol, komt der tongersdeitejûn in ekstra ôffeart. "As se negatyf binne, kinne se fuortendaalks nei hûs ta, want heit en mem sille har ek wol soargen meitsje." Foar wa't posityf test, folget in apart protokol. Jongeren gean dan fia in aparte ferfiersstream ûnder begelieding nei de wâl, dêr't se thús yn isolaasje kinne. Wa't gjin klachten hat, hoecht him net teste te litten en kin de fakânsje fuortsette.

Dochs nije gasten

Dochs stapten der tongersdeitemoarn noch jongerein fan de boat, dy't gewoan in plakje tawiisd krigen op de camping. "De campingeigener hat sein dat er twa wiken earder slút, mar der komt noch jongerein fan de boat dy't oernachtsje kinne moatte. Mar sy moatte ôfstân hâlde en har hâlde oan alle oare maatregels. Dat helpt yn elts gefal."

Marcel de Jong fan GGD Fryslân

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De Jong merkt dat jongeren de earnst fan de saak net sa ynsjogge. "Sy tinke dat se der net hiel bot lêst fan hawwe as eltsenien corona krijt. It giet noch altyd mei in glimk. De yndruk bestiet dat sy der minder lêst fan krije, dus foar harren is net sa dreech, mar wol foar oaren dy't sy wol oanstekke kinne."

De testlokaasje yn Midslân giet freed wer iepen foar jongeren dy't op de Appelhof ferbleaune. Personiel fan de camping en fan de supermerk yn de buert dêr't de jongerein in soad kaam, kinne ek by de testlokaasje telâne.

Ek Skylgers en oare toeristen mei mylde klachten kinne har sûnder ôfspraak teste litte by testlokaasje ET-10. Dat kin freed fan 9.00 oant 11.30 oere.

In famke dat op it eilân wurket, fertelt oer har coronatest

Christa Oosterbaan fan PvdA Skylge is bliid dat der gau test wurde kin, mar is ek fernuvere dat der noch altyd jongeren op de camping oankomme. "Ik vraag me af dat zo verstandig is. Als er elke dag nieuwe jongeren bijkomen en die blijven ook nog een week, dan blijf je die grote massa houden, dan ben je nog niet aan het afbouwen. Ik begrijp het vanuit de eigenaar zelf, maar misschien moet de gemeente of veiligheidsregio in gesprek om te kijken, kunnen we niet vandaag stoppen met nieuwe aanwas?"

Neffens Oosterbaan is Skylge noch gewoan in feilige fakânsjebestimming. "Mensen kunnen gerust op Terschelling op vakantie komen, maar houdt de regels in acht."

Christa Oosterbaan fan PvdA Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)