UPDATE: Stroomsteuring Dokkum foar it grutste part oer

13 aug 2020 - 10:16

Fanwegen in stroomsteuring sieten 35 strjitten yn Dokkum tongersdeitemoarn efkes sûnder stroom. Neffens netbehearder Liander gie it om in lytse 2000 hûshâldens.

Foto: Omrop Fryslân

Om 10.15 oere hinne wie de steuring foar de measte hûshâldens oplost. Der binne noch wol swierrichheden yn de strjitten IJsvogel en Stern. Liander kin noch net sizze wannear't de steuring ek dêr oer wêze sil.

Trefwurden: 
Dokkum stroomsteuring Liander
(Advertinsje)
(Advertinsje)