Simmerblog: Simmer yn Hurdegaryp

13 aug 2020 - 17:45

Omrop Fryslân is tongersdei de hiele dei yn Hurdegaryp. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:45
Ein fan dit simmerblog

We binne oan de ein fan dit blog yn Hurdegaryp, tank foar it folgjen!

Freed binne we yn Wynjewâld, oant dan!

Besjoch hjir de telefyzje-útstjoering:

17:34
Kollektearje yn coronatiid

It coronafirus hat ek foar de kollektanten fan KWF syn gefolgen, fertelt Esther de Vries. "Wy ha as koördinatoaren yn Hurdegaryp keazen om gjin hûs-oan-hûs kollekte te dwaan. Je ha te krijen mei kontant jild, wat út de bussen komt en dus troch de hannen moat." Dêrom wurdt der dit jier in donaasjekaart makke dy't troch it doarp ferspraat wurde sil.

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Esther de Vries

Foto: Teade Wiersma - Wiersma Dronefly
16:38
De finansiers fan it ferieningslibben

Al sûnt 1972 wurde ferskate ferienings yn it doarp stipe troch it jild dat fertsjinne wurdt mei it opheljen fan âld papier. Ek no noch wurdt der in protte jild ophelle. "Wy helje op jierbasis in njoggen- oant tsientûzen binne en wy krije oant tritichtûzen oan oanfragen." In soad minsken yn it doarp sjogge de wearde fan it âld papier en helpe dan ek graach mei. "Wy ha acht koördinatoaren, en der binne ûngefear 140 frijwilligers om it papier op te heljen, elkenien sjocht it belang ek wol yn."

Ferslachjouwer Willem de Vries oer it âld papier

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
15:37
"In eigenwiis doarp"

By wensoarchsintrum Bennema State komme ferskate soarten soarch bymekoar. De Lang is der bygelyks foar de deibesteging. "Wy hâlde ús altyd wol dwaande, as wy hjir moarns komme ha wy kofjedrinken en wy gean ris mei inoar te kuierjen. Wy ha it hjir ûntsettend nei de sin."

Frou De Meer wennet tydlik yn Bennema State. Doe't se eartiids foar it earst yn Hurdegaryp kaam, wie se net al te posityf oer it doarp. "Doe't wy hjir earst kamen fûn ik it in eigenwiis doarp. Se seinen hjir gjin dach. Ik hie in skoalmaster dy't hjir fjouwer kear by my del moast. Dan wie ik wol yn de tún, mar hy sei noait wat. Ik tocht: dat sil ik dy ôfleare." Nei lang oanhâlden krige se it foarmekoar.

Ferslachjouwer Willem de Vries yn Bennema State

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
13:59
It hynder fan Bosgra

Al jierren is Johannes Bosgra in begryp yn de omkriten fan Hurdegaryp. "Heit is begûn mei de ferkeap fan stâlfentilatoaren, healwei '71 binne se hjir kaam mei lânboumeganisaasje", seit dochter Greta Hoogland. Mei har sus stiet sy no oan de lieding by it bedriuw. Tsjintwurdich hat it bedriuw ek fan alles foar bygelyks de tún en de hynstesport.

Gewoanwei stiet der in neimakke hynder foar de doar, mar dy is no efkes spoarleas. "Dy wurdt wolris meinaam, as de jonges út it Trefpunt (de kroech yn Hurdegaryp, red.) komme."

Ferslachjouwer Willem de Vries by Johannes Bosgra

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
13:13
In noch moaier stasjon

It stasjonskertier yn Hurdegaryp is de lêste jierren al flink fernijd, mar der is noch genôch ambysje. Yn novimber sil it perron ferpleatst wurde om romte te meitsjen foar in parkearplak en appartemintekompleksen. Mar ek dan is it noch net klear, seit Ronald Wierstra fan it pleatslik belang. "Der is altyd wat te dwaan. Wy wolle ek noch mei de entree dwaande, dat moat noch wat fleuriger wurde. En ek mei it gebiet efter it stasjon gean wy noch dwaande mei in werynrjochting. Wy ha plannen genôch."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Ronald Wierstra

Ronald Wierstra - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
11:54
Op Toutenburg

Hurdegaryp hat in prachtich plak om mei moai waar om te strunen: it park Vijversburg. In histoarysk bûten mei sa'n tritich hektare oan lân. Doe't eigener Age Looxma Ypey yn 1892 ferstoar, waard de stifting Op Toutenburg oprjochte om de boel te ûnderhâlden. "Alle buorkerijen dy't er hjir hie, binne neilitten oan de stifting. Dan wiene der pachtynkomsten, en mei dy ynkomsten moast de filla Vijversburg ûnderholden wurde, mar der moasten ek tweintich wenningen makke wurde foar de sosjaal behoeftigen", seit Theunis Piersma, foarsitter fan de trije reginten fan de stifting.

Troch de romte yn it park, wie it net nedich om de boel te sluten yn coronatiid. "Wy ha hjir tritich hektare park, aa minsken by de entree efkes rekken hâlde, dan kinst hjir in hiele dei wol tahâlde."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn park Vijversburg

Theunis Piersma - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
11:01
't Stationnetje

Yn it eardere stasjonsgebou fan Hurdegaryp is ferline jier it projekt 't Stationnetje úteinset. Dêr kinne jongerein by KEaRN Welzijn terjochte foar help. "Alle jongerein tusken de 14 en 30 jier binne wolkom om oan harren doelen te wurkjen", seit Marten van der Wal. Nei oardel jier binne der sa'n 70 dielnimmers. Sy wurkje oan allegear ferskillende doelen. "De ien komt hjir binnen om wat sterker yn de skuon te stean, de oar komt om foar it rydbewiis te learen."

Ferslachjouwer Willem de Vries by 't Stationnetje

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries
10:42
Túnkje yn Hurdegaryp

Leafst sântûzen fjouwerkante meter yn Hurdegaryp is foar de doarpstún. De tún sit dan ek goed fol. "We hebben de teeltuin, een boomgaard, voedselbos, permacultuurtuin, vlindertuin, de medicinale kruidentuin, bloemenpluktuin, en nog het vijvergebied met bijenstal en een vogelkijkhut", fertelt Anna Janse.

Yn de tún is in soad omtinken foar bioferskaat. "Dat is te sjen oan de kikkerts en podden dy't hjir omhippe", sa seit Eliza Janse. "Wy ha dit jier praktysk gjin slakkedruk hân, wylst ik fan de measte folkstúnders yn de omjouwing hear dat der in hiel protte slakken foarkomme."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn de doarpstún

10:25
Hurdegaryp nei it noarden

Troch de jierren hinne is it doarp Hurdegaryp nei it noarden lutsen. "De grinzen leinen folle fierder rjochting Burgum as dat se no binne", seit Van Borkulo. It doarp lei yn in wiet gebiet en moast dêrom in bytsje opskowe. De namme fan it doarp is te tankjen oan de grûn ûnder it doarp. "Hurdegaryp leit op in hurde plaat, in hurde 'ripa'."

Hurdegaryp nei it noarden

Harry van Borkulo - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
9:45
De skiednis yn stân hâlde

De skiednis yn stân hâlde is tige wichtich, fynt Harry van Borkulo. As der in strjitnamme komme moat, is hy faak dejinge dy't der in histoaryske namme foar betinkt. Ek doe't der in nij multyfunksjoneel sintrum kaam, betocht hy de namme: "It Maskelyn, dat hâldt yn dat it in gearmjukse is fan ferskillende saken."

Ferslachjouwer Arjen Bosselaar yn petear mei Harry van Borkulo

Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
9:30
Wolkom yn Hurdegaryp

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tongersdei te gast yn Hurdegaryp. Ferslachjouwers Arjen Bosselaar en Willem de Vries dogge de hiele dei ferslach.

Woansdei wie Simmer yn Fryslân yn Warns. Dan kinst hjir weromlêze.

Foto: Omrop Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)