Coronanijs tongersdei 13 augustus: Hûnderten testen, ien nije positive test op Skylge

13 aug 2020 - 23:09

It firus liket wer op te lôgjen yn Fryslân. Op ferskate plakken yn de provinsje waarden besmettings fêststeld of wurde previntive maatregels naam om't minsken yn kontakt west ha mei minsken mei corona. Yn dit liveblog lêze jo alle ûntwikkelings oangeande it coronafirus yn Fryslân.

23:08
Ein fan dit liveblog

Tank foar it folgjen fan dit liveblog. Dit wie it wichtichste coronanijs fan tongersdei 13 augustus:

23:06
Reizgers nei Feriene Keninkryk yn selsisolaasje

Reizgers út Nederlân en ferskate oare lannen moatte fan dit wykein ôf ferplicht fjirtjin dagen yn selsisolaasje as se nei it Feriene Keninkryk reizgje. Dat hat de minister fan transport Grant Shapps tongersdeitejûn bekend makke.

22:35
Hoe is it om yn karantêne te sitten?

Yn hiel Fryslân soene der op dit stuit sa'n 200 minsken yn karantêne sitte, omdat se yn kontakt west ha mei ien mei it coronafirus. Ien fan harren is Maarten Mostert fan Ljouwert. Hy sit al 10 dagen yn karantêne:

Maarten Mostert

22:18
Ek net-besmette eilângongers werom

Mei rappe boaten is tongersdeitejûn in groep jongeren fan Skylge nei Harns brocht. Sy krigen tongersdeitejûn in negative test. Se ha it firus dus net, mar ha derfoar keazen om camping Appelhof en it eilân dochs te ferlitten. Se waarden yn Harns opwachte troch âlden.

Foto: Kappers Media
21:54
1 nije positive test

Fan de 134 minsken dy't har tongersdeitemoarn op Skylge teste litten ha op it coronafirus, hat ien in positive testútslach krigen. Dat meldt de GGD Fryslân. De oare 133 testútslaggen binne negatyf.

18:48
Utslaggen wurde trochbelle

De minsken dy't har fan 'e moarn op Skylge teste litten ha, krije op dit stuit de útslach telefoanysk trochjûn. It giet yn totaal om sa'n 130 testútslaggen. Der binne dêrnei noch mear tests ôfnaam, mar dy minsken krije de útslach freed.

Letter op 'e jûn makket de GGD iepenbier oft it firus oantroffen is by de 130 minsken dy't har teste litten ha.

Foarljochter Marcel de Jong fan de GGD oer de testen

18:36
"Mensen komen erg moe terug van vakantie"

No't der folle mear coronatests dien wurde, sitte se by medysk laboratoarium sawat mei de hannen yn it hier. Se ha der de minsken hast net foar. "Het is gespecialiseerd werk. Net als op de intensive care: je hebt die mensen niet zomaar. Er zit zeker een vraag, maar we kunnen het niet zomaar oplossen."

17:48
Hoareka It Hearrenfean earder ticht

De hoareka-ûndernimmers yn it sintrum fan It Hearrenfean slute fan sneon ôf om ien oere nachts de doarren en de terrassen. Dat ha de ûndernimmers, de gemeente en de pleatslike ôfdieling fan Koninklijke Horeka Nederland mei elkoar ôfpraat.

Oanlieding is de groei fan it tal coronabesmettingen, ek yn Fryslân. Hoareka-ûndernimmers wolle net dat har saak in boarne fan besmettingen wurdt. Dêrom nimme se no mei elkoar maatregels. Mei de waarmte fan de ôfrûne wiken wie it drok yn it sintrum fan It Hearrenfean. Minsken bleaune op strjitte stean te wachtsjen oant der plak wie. Dêrby waard lang net oeral rekken hâlden mei de oardel-meter-ôfstân-maatregel. Binnendoar is itselde ferhaal, sizze ûndernimmers. Se litte der dêrom no ek minder minsken yn.

17:36
De dei op Skylge

It rûn stoarm op Skylge mei it tal coronatests. Der kamen folle mear minsken as der tests wiene. Oan it begjin fan de middei wie it testmateriaal op. "Jongerein dy't echt klachten hiene, dy wiene hjir wol op tiid", seit GGD-foarljochter Marcel de Jong. "We tinke wol dat de jongerein no mear ôfstân hâldt as normaal. It gefaar dat it noch oerslacht, sil lytser wêze."

Freed giet it testen op it eilân fierder.

17:16
Spannende wike Arriva

It nije skoaljier yn Noard-Nederlân begjint kommende wike en dan wurdt der in soad ekstra drokte ferwacte yn it iepenbier ferfier. Ferfiersbedriuw Arriva fynt it spannend en set alle bussen yn dy't se ha.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)