Kollum: "Gaosfaze"

"Hugo de Jonge sei tiisdei dat der in ferplichte karantêne komt foar minsken dy't nei foarren komme út boarne- en kontaktûndersyk fan de GGD. Dat is in grut kearpunt yn it belied en de kommunikaasje oer corona fan de oerheid. Premier Mark Rutte hat oant no ta hieltyd sein dat it eigen ferantwurdlikens is, dat hy gjin diktator is, dat we corona der 'met elkaar' ûnder krije. Dat Rutte der in minister op út stjoerde om dit grutte boadskip te bringen yn stee fan dat hy dat sels die, seit al wat. Hugo, altyd sykjend nei in momintsje foar in kamera, die dat graach foar Mark.
© Omrop Fryslân
De toan fan Botte Jellema
Wûnderlik, we kinne it net mei inoar; wa hie dat no tocht? No, elkenien. Yn maart en april wiene we noch benaud foar it firus. No net mear. Ja, it tal besmettingen nimt ta, mar de IC's rinne net fol sa't dat yn maart al barde. Kwestje fan tiid, en litte we hoopje fan net, mar ik freegje my ôf oft sels dat noch genôch is om mei syn allen hannen te waskjen, ôfstân te hâlden en by klachten thús te bliuwen.
Ferline wike bekende in freon fan my dat hy nei in feestje west hat. Earne op in yndustryterrein kamen in stikmannich jongelju byinoar, om te dûnsjen, te drinken en al it oare te dwaan dat al hast in healjier net mear mei yn klups. Hy sei dat elkenien in lokaasje trochkrige, mei de opdracht om de telefoan út te setten ast derhinne giest.
Hjir yn Amsterdam stikt it al in pear wiken wer fan 'e toeristen. Kamen de earsten noch mei de auto - de strjitten stiene fol mei bûtenlânske nûmerbuorden - no komme se gewoan wer mei it fleantúch. De lobby fan de loftfeart moatte we yndrukwekkend neame; elkenien wit no wat in HEPA-filter is. De berjochten dat dy net echt wurkje, binne net heal sa goed lêzen, of wurde negearre. Hjir yn 'e stêd dogge de toeristen as is der neat oan 'e hân. Ofstân hâlde en hannen waskje binne net prioriteiten fan stonede fakânsjegongers.
En wist dat gekloai noch yn 'e supermerken? Rijen foar de yngong, karkes en kuorkes dy't ûntsmet waarden, en elkenien op ôfstân fan inoar? It firus is no net minder yn 'e maatskippij as fjouwer moannen lyn, miskien sels mear, mar al dy dingen litte we yntusken. Oh ja, kinst de kuorkes noch altyd ûntsmette ast wolst. Mar ik ha dat noch nea ien dwaan sjoen.
Ta beslút fan dizze rige fan foarbylden: Dokkum.
It tal testen nimt ôf. En myn foarspelling is dat dit noch fierder ôfnimt ek. Want no komme der konsekwinsjes by in positive test. Foar dysels en ek foar de minsken om dy hinne. Dus betinke jo je wol twa kear, foardat je nei in teststrjitte gean. As je bygelyks selsstannich ûndernimmer binne, en de ôfrûne moannen al gjin fetpot wiene, en je it dus net ha kinne om wurk ôf te sizzen. En dat hat as konsekwinsje dat allinnich minsken yn 'e risikogroep har serieus dwaande hâlde sille mei de maatregels, it testen en de gefolgen dêrfan.
Se kinne dus dy banner op 'e eftergrûn by de coronaparsekonferinsjes wol fuortsmite, dy mei de tekst 'Alleen samen krijgen we corona onder controle'. Want 'samen' is it no dus net mear. Ik soe ek graach prinsipieel wêze wolle en foarstanner wêze fan de ferplichte karantêne. Mar ik tink my even yn: stel, ik test posityf, en ik ha kontakt hân mei in freon dy't ûndernimmer of flekswurker is en dy't it finansjeel dreech hat, jou ik dan syn namme en telefoannûmer oan by it boarne- en kontaktûndersyk fan de GGD? Dat ik dan in appke krij fan him mei de tekst: 'En betanke, wêr betelje ik de hier fan dizze moanne'? En dat ik dan werom app 'Alleen samen krijgen we corona onder controle!' Nee dus.
We kinne dit gewoan net, as minskheid. Sa't we ek net mei inoar klimaatferoaring derûnder krije kinne. Of de hiv-epidemy. Of oerbefolking. Of massatoerisme. Dus de folgjende krisis leit gewoan al te wachtsjen. Ja, sorry, de folle wike waarkoade oranje spilet in bytsje by my op.
Mar we sieten seis moannen lyn yn 'e 'uitbraakfase'. Doe kamen we yn in 'overgangsfase', en dêrnei yn in 'controlefase'. Wurden fan Hugo de Jonge. Sûnt dizze wike sitte we yn de 'complete chaos, mei útsjitters fan boppe de 38 graden-faze'. Koade oranje. Lit der asjebleaft hiel gau in faksin wêze."