VVV-direkteur Skylge: "Ruimte zat, maar doe wel alsof je thuis bent"

Skylge is yn ûnstjoer: woansdei waard bekend dat der acht jongelju besmet binne mei it coronafirus. Sy stiene ôfrûne wike op camping Appelhof. Foar it toerisme op it eilân kin dat grutte gefolgen hawwe. Direkteur Michel Aaldering fan VVV Skylge hat oanjûn dat it foar him in wake-upcall is.
© Google Street View
Aaldering hie woansdei oerlis mei de gemeente Skylge oer de situaasje. "Als er corona wordt geconstateerd, moet je wel zorgen dat je korte lijnen houdt", leit er út. Hy makket him lykwols gjin soargen oer de situaasje. "Het feit dat corona aanwezig is, weet je. Je weet ook dat momenteel de jongeren een groep zijn onder wie veel besmettingen plaatsvinden."
Oant no ta hat it eilân in soad gelok hân, fynt er. "Op het moment dat je 20.000 man op het eiland hebt, is de kans aanwezig dat iemand een besmetting met zich meebrengt." Sûnt it begjin fan de coronakrisis binne der dêrom in soad maatregels naam op it eilân, seit Aaldering. "Er is ook veel in communicatie geïnvesteerd."

Toeristen wolkom

De toeristen bleaune ek yn coronatiid wolkom op it eilân. "We hebben ruimte zat, maar we zeiden wel: doe alsof je thuis bent. Dus ook hier geldt: houd anderhalve meter afstand. Als iedereen zich houdt aan de maatregelen, kunnen we zorgen voor een verantwoord verblijf."
Der hawwe neffens Aaldering gjin toeristen west dy't it eilân fuortendaalks ferlitte woene. Wol krige de VVV op Skylge telefoantsjes fan minsken dy't tochten dat it eilân op slot gean soe. Aaldering: "Dat is natuurlijk pure onzin."
Michel Aaldering fan VVV Skylge