Asylsikers yn Fryslân krije ferkuolling yn hjitteweach

Asylsikers op de ferskate opfanglokaasjes yn de provinsje ha it ek dreech mei dizze waarme dagen. De temperatuer yn de keamers rint bot op. Om dat in bytsje nofliker te meitsjen, is yn Drachten in springkessen regele yn it wetter.
Asylsikers yn Fryslân krije ferkuolling yn hjitteweach
De bewenners kinne sa efkes wat ferkuolling sykje. De lokaasjes yn Fryslân binne net allegear geskikt foar dizze simmerske temperatueren. Bygelyks yn Balk sitte de asylsikers yn barakken en dêryn rint de temperatuer bot op, mar ek yn Drachten is it dreech om de waarmte bûten te hâlden.
"Het is nog uit te houden, mensen klagen niet. We zijn ons er wel van bewust. Op die platte daken gaat op een gegeven moment de warmte zitten en dat gaat er heel moeilijk weer uit", seit Erwin Pietersen, lokaasjemanager fan it azc.
Dochs pakke se it grut oan: "In deze vakantieperiode hebben we niet elke dag zulke activiteiten uiteraard, maar we vinden het wel gerechtvaardigd met dit hele warme weer met de warme units waar ze in wonen om even wat verkoeling te bieden."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort wie by it azc