Brandsma ljept wer nei it earste plak, Ysbrand Galama net yn finale

12 aug 2020 - 22:09

Ek dizze wike docht Nard Brandsma fan Warkum goeie saken mei it fierljeppen. Mei 20.12 meter ljept hy yn de twadde sprong fan de foarwedstriden al nei it earste plak yn de finale ta. Ysbrand Galama komt net fierder as in meagere 14.64 meter en hellet dêrmei de finale net. It wie ljeppe mei swithannen yn It Heidenskip, mei de achtste wedstriid yn de Fryske Fierljep Kompetysje.

By de senioaren wie der mar ien persoan dy't yn de foarwedstriden oer de 20 meter sprong: Nard Brandsma fan Warkum mei 20.12 meter. Ofrûne sneon kaam Brandsma ek al ynienen op it earste plak terjochte. Doe sprong hy 21.07 meter, wêrmei't er in grutte konkurrint foar Ysbrand Galama waard. Galama kaam no lykwols net fierder as in meagere 14.64 meter. Thewis Hobma fan Harns kaam mei 19.32 meter noch it tichtst yn de buert fan Brandsma. Bart Helmholt fan Noardburgum waard mei 19.16 tredde.

Foar de froulju waard - net ferrassend - Marrit van der Wal earste mei 16.28 meter, yn har eigen wenplak. Sigrid Bokma fan Hylpen (14.10 meter) en Tessa Kramer fan It Heidenskip (14.08 meter) kamen dêr net oerhinne.

Marrit van der Wal yn petear mei ferslachjouwer Freark Wijma:

Yn de oergongsklasse slagge it Oane Galama fan Hilaard om it earste plak mei 18.84 meter te beheljen. Daan de Vries fan Hurdegaryp (17.32 meter) en Jarno Hoekstra fan Drylts (17.19 meter) waarden twa en trije. In hiele oare útslach as by de wedstriid yn Winsum ôfrûne sneon. Doe makke Feike Stellingwerf in topsprong mei 19.55 meter, fierder as syn persoanlik rekôr. Sa fier kaam hy dizze kear net: Stellingwerf bleau op 16.50 hingjen.

Net ien fan de jonges oer de 16 meter

By de jonges gie it earste plak nei Wytse Steensma fan De Jouwer mei 15.97 meter. Twadde waard Arend Veenstra fan Surhuzum (15.70 meter) en tredde Aise Jan Jongsma fan De Jouwer (14.45 meter). Steensma bewiisde him yn Winsum al doe't er 18.42 sprong, likegoed in persoanlik- as in skânsrekôr. Yn It Heidenskip slagge it net ien fan de jonges lykwols om oer de 16 meter te springen. Ek Wisse Broekstra fan Tsjummearum prestearre dat as ien fan de favoriten net: hy sprong sels alle trije kearen yn it wetter.

Pytrix Westra fan Burgum pakte it earste plak by de topklasse fan de famkes mei 13.98 meter. Dat wie yn Winsum net it gefal, doe kaam sy net by de bêste trije. Mar no wol wer. As twa en trije folgen Inger Haanstra fan It Heidenskip (13.43 meter) en Hanneke Westert fan Snits (12.91 meter), dy't yn Winsum earste en twadde wiene. Lykas ferline wike pakte Rutger Haanstra fan It Heidenskip it earste plak by de junioaren mei 17.90 meter, folge troch Wietse Nauta fan Drylts (16.31 meter) en Riemer Durk Krol fan Heech (15.95 meter).

Nard Brandsma - Foto: Martin de Jong Fotografie

Finale: Haanstra ljept oer de 19 meter

Nard Brandsma foel yn de finale twa kear yn it wetter, mar dat makke neat mear út. Syn 20.12 wie al genôch om te winnen. Sytse Bokma fan Hylpen waard twadde (19.96 meter) en Bart Helmholt koe dochs noch in tredde plak pakke mei 19.70 meter. Oane Galama waard fiifde, broer Ysbrand stie net by de seis finalisten.

By de jonges makke Aise Jan Jongsma fan De Jouwer mei 15.67 meter noch in goeie sprong, mar it holp net om Arend Veenstra (15.70 meter) en Wytse Steensma (16.02 meter) noch yn te heljen. By de junioaren docht Rutger Haanstra goeie saken: hy ljept leafst 19.62 yn de earste finalesprong, in dik nii PR (stie op 19.28). Dêrmei wurdt hy earste. Riemer Durk Krol (16.79 meter) en Wietse Nauta (16.31 meter) binne twa en trije.

Rutger Haanstra yn petear mei ferslachjouwer Freark Wijma:

Marrit van der Wal bliuwt op it earste plak stean mei 16.43 meter yn de earste finalesprong. Bokma (14.78 meter) en Kramer (14.11 meter) komme der net mear oerhinne. By de famkes wikselet de top noch wol: Pytrix Westra falt twa kear yn it wetter sakket nei it twadde plak. Inger Haanstra ljept noch 14.04 meter en pakt it earste plak, folge troch Hanneke Westert mei har 12.91 meter.

Trefwurden: 
fierljeppen It Heidenskip
(advertinsje)
(advertinsje)