Nyck de Vries einiget as fjirtjinde yn foarlêste Formule E-race

Nyck de Vries is woansdei fjirtjinde wurden yn de E-prix fan Berlijn, de foarlêste race fan it seizoen. De Snitser hie in teloarstellende kwalifikaasje en moast dêrtroch as njoggentjinde starte. Yn de race koe hy úteinlik mar fiif plakken goedmeitsje. Ofrûne snein einige De Vries noch as fjirde yn Berlijn.
Nyck de Vries © Mercedes Benz/Daimler AG
De oerwinning gie nei de Brit Oliver Rowland. De Nederlanner Robin Frijns waard twadde.
De Vries is troch syn teloarstellende race in plakje sakke yn it algemien klassemint; fan it tolfde nei it trettjinde plak.
Fanwegen de coronapandemy wurde de lêste races fan it seizoen ôfwurke op it fleanfjild yn Berlijn. Tongersdei stiet de lêste race fan it seizoen op it programma. De Portugees António Félix da Costa fersekere him ôfrûne snein al fan de titel.