Boargemaster Kramer: 'Fryske boargemasters prate tongersdei oer mooglike ekstra maatregels'

De Fryske boargemasters komme tongersdei byinoar fanwegen de ûntwikkelingen yn it ramt fan it coronafirus yn Fryslân. De boargemasters fan de Fryske gemeenten sille dan prate oer eventuele ekstra maatregels. Dat seit boargemaster Johannes Kramer fan de gemeente Noardeast-Fryslân. Syn gemeente hat te krijen mei in flinke taname yn it tal besmettingen, ûnder oaren by fuotbalklups.
© Gemeente Noardeast-Fryslân
Meardere fuotbalferieningen yn de gemeente ha it kompleks sletten fanwegen coronabesmettingen. Boargemaster Kramer hat by dat beslút net belutsen west. "Op advys fan de GGD ha we besletten dat de besteande maatregels genôch binne. Wy ha dêroer hjoed in brief stjoerd nei de sportferieningen. It stiet sportferieningen frij om harren maatregels dêrop te nimmen. Mar ik bin der wiis mei dat dizze sportferieningen dit beslút nommen ha", seit Kramer.

Oerlis

De Fryske boargemasters komme tongersdei byinoar om te praten oer mooglike ekstra maatregels. "Dêr hoopje wy mear dúdlikheid te krijen oer hoe we de kommende dagen en wiken fierder moatte. In soad minsken binne ûnwis, wat moatte we. De skoallen sille wer iepen, sportferieningen begjinne wer", sa seit Kramer.
"As elk him oan de maatregels hâldt, dan it moat it goed gean. Mar de fraach is oft dat ôfdwaande is en moatte we net mear dwaan? Dêr prate we moarn fierder oer. Wat ús prioriteit is om te soargjen dat der net mear besmettingen komme, benammen ek om de kwetsberen te beskermjen", sa seit Kramer.
Boargemaster Kramer oer de corona-ûntwikkelingen