Jongerein Skylge skrokken: "Ik denk dat iedereen hier corona gaat krijgen"

12 aug 2020 - 17:06

De jongerein op camping Appelhof op Skylge is bot skrokken troch it nijs dat der besmettingen fêststeld binne by acht jongeren, dy't ôfrûne wike op de camping stiene. "We gaan ons laten testen", sizze in pear fan de de jonge campinggasten yn koar. "Ik denk dat eigenlijk iedereen hier wel corona gaat krijgen", seit ien fan de jongeren.

Reaksjes fan jongerein op Skylge

In famke út Purmerend makket har wat minder drok. "Als we gewoon onze verantwoordelijkheid nemen en afstand houden dan moet het goed komen", seit sy. "Iemand heeft wel gezegd dat als ze negatief getest is dat ze naar huis gaat, omdat ze dan niet het risico wil nemen om nog ziek te worden", seit in oar.

Oaren ha gjin nocht om earder nei hûs te gean. "Maar ik ga me wel laten testen, voordat we het eiland afgaan. Je wil je familie niet besmetten, je opa en oma", seit in famke út Hilversum.

Oardel meter

De oardel meter is foar bern ûnder de achttjin net ferplicht, mar soe neffens de jongeren ek net helber wêze. "We zitten toch al drie dagen met elkaar. Als we nu anderhalve meter afstand gaan houden, dat kan wel helpen. Maar we moeten toch nog met elk elkaar in de taxi en slapen, dus dat gaat moeilijk", seit ien fan de jongeren.

Ferslachjouwer Onno Falkena prate mei de jongerein

(Advertinsje)
(Advertinsje)